Trochgeande learline Frysk
13/04/2023
Al in oantal jierren leit DINGtiid klam op it fersterkjen fan de trochgeande learline Frysk yn it ûnderwiis. Hjirûnder sette wy alle advysrapporten nochris op in rychje. De ûndersteande ôfbylding makket dúdlik wêr’t de trochgeande learline noch fersterke wurde kin.

Advys ‘Boargje universitêre frisistyk’ (jannewaris 2023)
Provinsje Fryslân hat yn juny 2021 in advysfersyk dien oan DINGtiid oangeande de boarging fan de universitêre frisistyk. Ein desimber 2022 is dat advys útbrocht. Dat moat lykwols as in tuskenstasjon beskôge wurde, fanwegen de dynamyk dêr’t de frisistyk yn de rin fan 2022 yn bedarre en dy’t kulminearre yn de moasje fan De Hoop & Van der Molen (novimber 2022).
DINGtiid docht de folgjende oanbefellings oan Provinsje Fryslân en Ryk:
- Sprek mei-inoar yn de BFTK (2024-2028) ôf dat in universitêre BA/MA Fryske taal- en letterkunde, yn line mei it Europeesk Hânfêst, wetlik boarge wurdt yn de rintiid fan dy BFTK.
- Soargje dat healweis de rintiid fan de BFTK (2024-2028), mar uterlik fóar de tuskenevaluaasje: 1) dúdlik is hokker (kombinaasje fan) wetlike ynstruminten oft dêrfoar ynset wurde; 2) dêr breed polityk, maatskiplik en akademysk draachflak ûnder leit; 3) dúdlik is hoe’t universitêr ûndersyk en ûnderwiis ynhâldlik ynfolle wurde kinne; en 4) dúdlik is wat de finansjele ymplikaasjes binne en wat it ûnderlizzend finansjele ynstrumintarium wurdt. Sa kin de twadde helte fan de rintiid brûkt wurde foar it wetjouwingsproses en it regeljen fan de nedige middels, dy’t beide dan uterlik yn 2028 fêststeld wêze moatte soenen.
- Belûk sawol de KNAW as de heechleararen/fakgroepen Frysk by de fraach hoe’t de universitêre frisistyk yn Nederlân ynhâldlik – sawol as it giet om it kurrikulum as om de profilen fan de learstuollen – it bêste stal jûn wurde kin, en benammen ek hoe’t frisistyk en nearlandistyk inoar fersterkje kinne.
- Befoarderje dat der meardere learstuollen Frysk oan Nederlânske universiteiten binne.
- Stimulearje en fasilitearje universiteiten om eventuele finansjele of praktyske tûkelteammen foar potinsjele studinten om Frysk te studearjen, te sljochtsjen.
Lês hjir de folsleine advysbrief ‘Universitêre frisistyk’

Advys ‘Fersterkje Frysk yn de foarskoalske faze’ (desimber 2022)
De Fryske taal kin in better plak yn pjutteboartersplakken en berne-opfang krije as Ryk, Provinsje Fryslân en gemeenten mear liederskip sjen litte. Dat stelt DINGtiid yn it advys oer it Frysk yn de foarskoalske perioade. Mei de folgjende oanbefellings kin it Frysk fuortsterke wurde yn it foarskoalsk ûnderwiis en kin in bydrage levere wurde oan in sterkere trochgeande learline:
- Ryk/Provinsje: nim konkretere en mjitbere doelstellings op yn de nije BFTK.
- Gemeenten/Provinsje: stimulearje it Frysk en meartaligens op foarskoalske lokaasjes.
- Provinsje/Ryk: jou Frysk en meartaligens in fêster plak binnen de oplieding Pedagogysk meiwurker.
Lês hjir it folsleine Frysktalige advysrapport ‘Frysk yn de foarskoalske faze’

Advys ‘Op ‘e syk nei nije dynamyk’ (desimber 2020)
In soad organisaasjes dy’t kennis oer it Frysk garje en ferspriede hawwe it dreech. Dat draacht by oan de ûnwissens oer de takomst fan it Frysk. Der moat dêrom better gearwurke wurde om de kennis oer de Fryske taal te bondeljen en te ûntwikkeljen. Yn it advys ‘Op ‘e syk nei nije dynamyk’ stiet de fraach sintraal hoe’t de goede dynamyk yn de kennisynfrastruktuer oangeande it Frysk fûn wurde kin. Ut it rapport komt nei foaren dat der yn it Fryske kennisfjild ferlet is fan:
- Fokus en rezjy
- Ferbining en gearwurking
- Yn- en trochstream
Lês hjir it folsleine advys ‘Op ‘e syk nei nije dynamyk’

Advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’ (jannewaris 2017)
De ynfrastruktuer foar it Frysk yn it folsleine ûnderwiis moat better brûkt wurde, om sa in trochgeande learline te krijen en de takomst fan it Frysk yn it ûnderwiis en ek yn oare domeinen feilich te stellen. DINGtiid hat yn it advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’ dêrom tweintich advizen opsteld foar sawol de koarte as de lange termyn mei de fokus op it Frysk yn in meartalige kontekst. In pear dúdlike advizen út it ûnderwiisadvysrapport binne:
- Skoallen en ûnderwiiskoepels moatte meartalich ûnderwiis dúdlik yn harren belied opnimme.
- Lit it ûnderwiis sykje nei ferbiningen tusken talen foar lesmateriaal en set rânebetingsten op foar meartalich ûnderwiis.
- Lit ûnderwiis op alle nivo’s gearwurkje en soargje foar in bettere oansluting fan it Frysk tusken foarskoalsk en primêr ûnderwiis én tusken primêr en fuortset ûnderwiis.
- Stel Frysk ferplichte yn de foareksamenklassen.
- Meitsje op termyn de learare-opliedingen meartalich.
- Freegje it foech Frysk as bekwamenseask foar leararen yn Fryslân en jou dat ek wetlike basis.
- Stel de behearsking fan it Frysk as eask yn fakatueres fan de oerheid.
- Set bewustwurdingskampanjes op om it belang fan it Frysk te ûnderstreekjen.
Lês hjir it folsleine advysrapport ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’
