De Fryske Motor (yn gearwurking mei studinten fan ROC Friese Poort). Éric Van Hove, D9T (Rachel’s Tribute), 2015.
Collectie Fries Museum, Leeuwarden. Foto: Lieven Geuns. Courtesy Éric Van Hove / Copperfield Gallery.

Gearwurking en fokus

Der binne in soad ynstellings dy’t ûndersyk dogge nei de Fryske taal, lykas de Fryske Akademy, de Afûk en Tresoar. Dêrneist kinne je Frysk studearje oan NHL/Stenden en de universiteiten fan Grins en Amsterdam. Mei-inoar foarmje sokke organisaasjes it “kennisfjild”. Mar it binne noch geregeld eilantsjes; de gearwurking kin better. Aktiviteiten wurde amper op inoar ôfstimd en regelmjittich binne de ferskate organisaasjes elkoars konkurrint foar subsydzjes. Der ûntbrekt in dúdlik fokus op hoe’t it Frysk en de kennis dêroer him ûntwikkelje moat.

Gebrek oan jong talint

Dat liket him te wreken, want der binne hieltyd  minder studinten Frysk. Yn it fuortset ûnderwiis kieze net in soad learlingen Frysk as eineksamenfak. Ek binne der net in soad dosinten. Op de Fryske ûndersyksynstellingen is boppedat in gebrek oan jong talint. De trochstream stagnearret dêrtroch en ynnovaasje bliuwt út. Al mei al komt op dizze wize de takomst fan it Frysk yn gefaar. Hoe kinne je dy trend trochbrekke? It goede nijs is dat der wol in soad behoefte is oan kennis oer it Frysk. En Ryk en provinsje ha ek wol jild foar de taal.

DINGtiid stelt foar dat de kennisynstellingen gearwurkje yn in fêst en ûnôfhinklik oansprekpunt: in sintraal oerlisorgaan dêr’t alle kennis oer it Frysk te berikken is. Eltsenien mei fragen oer de Fryske taal kin dêr terjochte. Oft it no giet om oerheden, partikulieren, skoallen of ûndernimmers.

Underlinge ôfspraken

Yn dat fêste basispunt binne alle ûndersyksynstituten en ynstellings fertsjintwurdige, dy’t it Frysk as taal bestudearje en de kennis dêroer ferspriede. Binnen dit beried wurde ûnderling ôfspraken makke oer fûneminteel en tapast ûndersyk. Fierder moat der in dúdlik mienskiplik doel wêze, want gearhing tusken de ferskate projekten ûntbrekt no.

Dat kennisberie moat der ek foar soargje dat der genôch jong talint yn- en trochstreamt yn de kennissektor. Talintfolle persoanen soenen bygelyks trainee wurde kinne by meardere organisaasjes, dy’t harren rjochtsje op ûnderwiis, wittenskiplik ûndersyk of tapassing fan de Fryske taal. Sa befoarderje je dynamyk en ynnovaasje.

Draachflak foar it Frysk

By dat oansprekpunt kinne ferskate maatskiplike partners harren oanslute. Se foarmje in klankboerd foar de ûndersyks- en ûnderwiisynstellings. Ek kinne se kennis diele oer hoe’t se it Frysk yn harren eigen organisaasje brûke kinne. Dêrtroch wurdt de taal fersterke en ûntstiet der mear draachflak foar it Frysk.

Kultuerried, lykas yn Galisië

DINGtiid brocht begjin 2020 in wurkbesite oan Galisië, in autonome regio yn Spanje, dêr’t in Galisyske Kultuerried bestiet. Dy ried is ek foar de taal in fêst oansprekpunt foar oerheden. It hat der yn Galisië oan bydroegen dat minsken grutsk op harren taal en skiednis binne. Ek hat dêr bliken dien dat de mienskip profyt hawwe kin fan de taal, om’t dy ekonomysk nut hat en ta nije banen liede kin.

Lês hjir de Frysktalige notysje ‘Op ‘e syk nei nije dynamyk’

Lês hjir de Nederlânsktalige notysje ‘Op zoek naar nieuwe dynamiek’

Lês hjir de reaksje fan provinsje Fryslân op ús advysnotysje (16-06-2021)

" />

Advys oer kennisynfrastruktuer: “Kennisberie” goed foar de Fryske taal

01/12/2020

Stiet it gebrûk fan it Frysk ûnder druk? Dat soe samar kinne. Wis is dat in soad organisaasjes dy’t kennis oer it Frysk garje en ferspriede it dreech hawwe. Dat draacht by oan de ûnwissens oer de takomst fan it Frysk. Der moat dêrom better gearwurke wurde om de kennis oer de Fryske taal te bondeljen en te ûntwikkeljen. Dêrfoar pleitet DINGtiid, advysorgaan foar de Fryske taal, yn syn rapport ‘Op ‘e syk nei nije dynamyk’. Yn dat advysrapport wurdt sketst hoe’t de kennisynfrastruktuer fan it Frysk ferstevige wurde kin. Dêrfoar hat DINGtiid ûnder oaren praat mei bestjoerders, wittenskippers en profesjonals út it Fryske kennisfjild. Tiisdei 1 desimber krigen deputearren De Rouwe en Poepjes fan provinsje Fryslân it rapport oerlange.