Oanbefellings

DINGtiid docht de folgjende oanbefellings oan Provinsje Fryslân en Ryk:

Lês hjir de folsleine advysbrief ‘Universitêre frisistyk’

Neffens ferwachting sil it definitive advysdossier yn de rin fan 2023 ree wêze.

" />

Advysbrief oan Provinsje en Ryk oer boarging universitêre frisistyk

10/01/2023

Provinsje Fryslân hat yn juny 2021 in advysfersyk dien oan DINGtiid oangeande de boarging fan de universitêre frisistyk. Ein desimber 2022 is dat advys útbrocht. Dat moat lykwols as in tuskenstasjon beskôge wurde, fanwegen de dynamyk dêr’t de frisistyk yn de rin fan 2022 yn bedarre en dy’t kulminearre yn de moasje fan De Hoop & Van der Molen (novimber 2022).

Oanbefellings

DINGtiid docht de folgjende oanbefellings oan Provinsje Fryslân en Ryk:

  • Sprek mei-inoar yn de BFTK (2024-2028) ôf dat in universitêre BA/MA Fryske taal- en letterkunde, yn line mei it Europeesk Hânfêst, wetlik boarge wurdt yn de rintiid fan dy BFTK.
  • Soargje dat healweis de rintiid fan de BFTK (2024-2028), mar uterlik fóar de tuskenevaluaasje: 1) dúdlik is hokker (kombinaasje fan) wetlike ynstruminten oft dêrfoar ynset wurde; 2) dêr breed polityk, maatskiplik en akademysk draachflak ûnder leit; 3) dúdlik is hoe’t universitêr ûndersyk en ûnderwiis ynhâldlik ynfolle wurde kinne; en 4) dúdlik is wat de finansjele ymplikaasjes binne en wat it ûnderlizzend finansjele ynstrumintarium wurdt. Sa kin de twadde helte fan de rintiid brûkt wurde foar it wetjouwingsproses en it regeljen fan de nedige middels, dy’t beide dan uterlik yn 2028 fêststeld wêze moatte soenen.
  • Belûk sawol de KNAW as de heechleararen/fakgroepen Frysk by de fraach hoe’t de universitêre frisistyk yn Nederlân ynhâldlik – sawol as it giet om it kurrikulum as om de profilen fan de learstuollen – it bêste stal jûn wurde kin, en benammen ek hoe’t frisistyk en nearlandistyk inoar fersterkje kinne.
  • Befoarderje dat der meardere learstuollen Frysk oan Nederlânske universiteiten binne.
  • Stimulearje en fasilitearje universiteiten om eventuele finansjele of praktyske tûkelteammen foar potinsjele studinten om Frysk te studearjen, te sljochtsjen.

Lês hjir de folsleine advysbrief ‘Universitêre frisistyk’

Neffens ferwachting sil it definitive advysdossier yn de rin fan 2023 ree wêze.