Foto: Tryntsje Nauta

Oanbefellings
DINGtiid kin op dit stuit al twa oanbefellings dwaan om de posysje fan it Frysk yn it mbû fuort te sterkjen:

Ferfolch
DINGtiid sil syn ferdjipjende ûndersyk begjinne en foltôgje yn de oankommende Wurkprogrammaperioade (2024/2025). Fansels bliuwe wy dêrby yn nau kontakt mei sawol it mbû-fjild as de oanbelangjende amtners, en sille wy tuskentroch oer ús fuortgong rapportearje.

Folsleine (twatalige) advysbrief DINGtiid oan BZK en OCW (28 novimber 2023)

 

Reaksje minister Dijkgraaf op mbû-advys (31 maaie 2024)

 

" />

Advysbrief ‘Stel gau in praktoraat Frysk en meartaligens yn foar it mbû’

15/12/2023

Stel sa gau as mooglik in praktoraat Frysk en meartaligens yn foar it mbû. Dat is ien fan de earste oanbefellings dy’t DINGtiid docht oan minister De Jonge (BZK) en minister Dijkgraaf (OCW) as reaksje op harren advysfersyk oer Frysk yn it mbû.

Op 8 desimber 2022 naam de Twadde Keamer de moasje fan Van der Molen & Bevers oan oer it Frysk yn it mbû. It Ryk frege DINGtiid ferfolgens yn in advysfersyk om dêr neier ûndersyk nei te dwaan. De earste befinings binne dield mei minister De Jonge en minister Dijkgraaf. In ferdjipjend ûndersyk stiet pland foar 2024/2025.

Oars as yn de Wet Primêr Underwiis (WPO) en de Wet Fuortset Underwiis (WVO), binne yn de WEB (Wet Edukaasje en Beropsûnderwiis) gjin wetlike bepalings foar it ûnderwiis yn it Frysk yn it beropsûnderwiis oanbrocht. De WEB biedt yn artikel 7.1.1. b wol romte om neist it Nederlânsk in oare taal te brûken.

Untwikkelings Frysk yn it mbû
Yn it mbû is in groeiend besef fan it belang fan it Frysk yn de beropspraktyk. Al langere tiid biede de opliedings binnen it domein Soarch en Wolwêzen in kardiel Frysk oan (240 oeren). Sûnt 2021 bestiet Wy binne mbû, in breed gearwurkingsferbân tusken de mbû-ynstellings Aeres en Firda en taalbefoarderingsynstitút Afûk, as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Wy binne mbû is û.o. aktyf op it mêd fan de ûntwikkeling fan in mienskiplike ûnderwiisfyzje oangeande taallearen, it formulearjen fan taalbelied en it realisearjen fan ûnderwiisprogramma’s op ferskate terreinen oangeande Frysk en meartaligens yn Fryslân. Under harren aktiviteiten falt ek it ferkennen fan mooglikheden foar in kardiel Frysk yn oare beropsopliedings.


Foto: Tryntsje Nauta

Oanbefellings
DINGtiid kin op dit stuit al twa oanbefellings dwaan om de posysje fan it Frysk yn it mbû fuort te sterkjen:

  • As earste rjochtfeardigje de notiidske praktyk en ambysje binnen it mbû de ryksoerheid om art. 8.1.d ûnderdiel iii fan it Europeesk Hânfêst te ûndertekenjen en sa in al besteande situaasje te bestindigjen. DINGtiid rikkemandearret it Ryk dan ek oan om dat sa fluch mooglik te dwaan yn reaksje op de oanbefellings dêrta yn it ramt fan de evaluaasje troch de Committee of Experts oer de tapassing troch Nederlân fan de ferplichtings yn it Europeesk Hânfêst.
  • Fierder is út ús petearen en observaasjes oant no ta dúdlik wurden dat de ynstelling fan in Praktoraat ‘Meartaligens en Letterens yn it mbû’ de heechste prioriteit hat. As omtinken foar it Frysk foldwaande boarge is yn de taakstelling, dan sil dat praktoraat nei ús fêste oertsjûging de posysje fan it Frysk binnen it mbû sterk ferbetterje. Wy riede de minister, en fia him ek de minister fan OCW, dan ek oan om de ynstelling fan sa’n praktoraat as nuttich en winsklik foar de beskerming en befoardering fan it Frysk as bedoeld yn it Europeesk Hânfêst oan te merken en dat fuort mooglik te meitsjen. Nei de oertsjûging fan DINGtiid is it de koartste klap om it gebrûk fan it Frysk binnen it mbû al op koarte termyn te befoarderjen.

Ferfolch
DINGtiid sil syn ferdjipjende ûndersyk begjinne en foltôgje yn de oankommende Wurkprogrammaperioade (2024/2025). Fansels bliuwe wy dêrby yn nau kontakt mei sawol it mbû-fjild as de oanbelangjende amtners, en sille wy tuskentroch oer ús fuortgong rapportearje.

Folsleine (twatalige) advysbrief DINGtiid oan BZK en OCW (28 novimber 2023)

 

Reaksje minister Dijkgraaf op mbû-advys (31 maaie 2024)