Provinsje Fryslân en Ryk stelden yn 2021 de fraach oan DINGtiid hoe’t it kin dat sa’n 40 prosint fan de Fryske bern net tagong hat ta Frysktalige berne-opfang. Oanbod fan de Fryske taal yn de foarskoalske perioade is ommers tige belangryk foar de taalûntjouwing fan bern tusken de 0 en 4 jier. Wat earder oft it bern Frysk meikrijt, wat sterker de taalûntjouwing. Te min ynput fan it Frysk kin liede ta taalferlies. De kâns bestiet sels dat bern dy’t it Frysk wol fan hûs út meikrije, dochs harren thústaal ferlieze. Boppedat is der yn dizze sektor sprake fan in mindere posysje fan it Frysk foar it Nederlânsk oer – en dat heart net sa.

Trochgeande learline

Sawol Provinsje, Ryk as de Ried fan Europa ûnderstreekje yn harren ôfspraken en rapporten it belang fan de trochgeande learline foar it beskermjen en befoarderjen fan it Frysk: fan pjut oant promovendus soe Frysk oanbean wurde moatte. De foarskoalske faze is dêryn in kwetsbere skeakel om’t dêr – oars as yn it PO en VO – gjin wetlik foech leit: pjutteboartersplakken en berne-opfang binne net ferplichte om Frysk oan te bieden.

Ferlet fan draachflak en liederskip

Petearen mei partijen yn it fjild befêstigje eardere konstatearrings en oanbefellings fan de Ried fan Europa en it Ryk: de trochgeande learline Frysk moat befoardere wurde troch it Frysk yn it foarskoalsk ûnderwiis fuort te sterkjen. Der bestiet lykwols gjin draachflak foar in wetlike ferplichting dêrta. Yn it ferlingde fan eardere advizen fan de Ried van Europa en it Ryk, advisearret DINGtiid dêrom: meitsje yn de kommende jierren de foarskoalske faze yn de trochgeande learline ta prioriteit en toan beslissend liederskip.

Oanbefellings

Mei de folgjende oanbefellings fan DINGtiid kin it Frysk fuortsterke wurde yn it foarskoalsk ûnderwiis en kin in bydrage levere wurde oan in sterkere trochgeande learline:

Lês hjir it folsleine advys ‘Frysk yn de foarskoalske faze’
Lês hjir de begeliedende brief oan Provinsje Fryslân
Lês hjir de begeliedende brief oan Ryk/BZK 
Lês hjir de begeliedende brief oan Taalwetgemeenten

Op 13 april 2023 stjoerde Provinsje Fryslân in skriftlike reaksje op it adyvs ‘Frysk yn de foarskoalske faze’
Op 15 augustus 2023 stjoerde de minister fan SZW in brief oan de Twadde Keamer.

" />

Advys: “Fersterkje it Frysk yn it foarskoalsk ûnderwiis”

30/01/2023

De Fryske taal kin in better plak yn pjutteboartersplakken en berne-opfang krije as Ryk, Provinsje Fryslân en gemeenten mear liederskip sjen litte. Dat stelt DINGtiid yn syn advys oer it Frysk yn de foarskoalske perioade.

Provinsje Fryslân en Ryk stelden yn 2021 de fraach oan DINGtiid hoe’t it kin dat sa’n 40 prosint fan de Fryske bern net tagong hat ta Frysktalige berne-opfang. Oanbod fan de Fryske taal yn de foarskoalske perioade is ommers tige belangryk foar de taalûntjouwing fan bern tusken de 0 en 4 jier. Wat earder oft it bern Frysk meikrijt, wat sterker de taalûntjouwing. Te min ynput fan it Frysk kin liede ta taalferlies. De kâns bestiet sels dat bern dy’t it Frysk wol fan hûs út meikrije, dochs harren thústaal ferlieze. Boppedat is der yn dizze sektor sprake fan in mindere posysje fan it Frysk foar it Nederlânsk oer – en dat heart net sa.

Trochgeande learline

Sawol Provinsje, Ryk as de Ried fan Europa ûnderstreekje yn harren ôfspraken en rapporten it belang fan de trochgeande learline foar it beskermjen en befoarderjen fan it Frysk: fan pjut oant promovendus soe Frysk oanbean wurde moatte. De foarskoalske faze is dêryn in kwetsbere skeakel om’t dêr – oars as yn it PO en VO – gjin wetlik foech leit: pjutteboartersplakken en berne-opfang binne net ferplichte om Frysk oan te bieden.

Ferlet fan draachflak en liederskip

Petearen mei partijen yn it fjild befêstigje eardere konstatearrings en oanbefellings fan de Ried fan Europa en it Ryk: de trochgeande learline Frysk moat befoardere wurde troch it Frysk yn it foarskoalsk ûnderwiis fuort te sterkjen. Der bestiet lykwols gjin draachflak foar in wetlike ferplichting dêrta. Yn it ferlingde fan eardere advizen fan de Ried van Europa en it Ryk, advisearret DINGtiid dêrom: meitsje yn de kommende jierren de foarskoalske faze yn de trochgeande learline ta prioriteit en toan beslissend liederskip.

Oanbefellings

Mei de folgjende oanbefellings fan DINGtiid kin it Frysk fuortsterke wurde yn it foarskoalsk ûnderwiis en kin in bydrage levere wurde oan in sterkere trochgeande learline:

  • Ryk/Provinsje: nim konkretere en mjitbere doelstellings op yn de nije BFTK.
  • Gemeenten/Provinsje: stimulearje it Frysk en meartaligens op foarskoalske lokaasjes.
  • Provinsje/Ryk: jou Frysk en meartaligens in fêster plak binnen de oplieding Pedagogysk meiwurker.