advysnotysje ‘Op ‘e syk nei nije dynamyk’ oer de Kennisynfrastruktuer fan it Frysk oan deputearren Sander de Rouwe en Sietske Poepjes. Foar dat ûndersyk waarden ûndersyks- en ûnderwiis(stipe)organisaasjes op it mêd fan de Fryske taal yn kaart brocht. It ûndersyk moast ûnder oaren dúdlik meitsje hoe’t der mear gearwurke wurde kin tusken de kennisynstellings fan it Frysk (lykas learstuollen Frysk, hegeskoallen, Fryske Akademy, Tresoar, CEDIN en Afûk) en hoe’t de oanwaaks fan studinten Frysk en de kennisoerdracht ferbettere wurde kinne (regeneraasje).

Advystrajekt

DINGtiid hat yn it ramt fan dit dossier fan 22 oant en mei 25 jannewaris 2020 in wurkbesite brocht oan Galisië, yn Spanje, om te learen hoe’t de kennisynfrastruktuer dêr ynrjochte is. DINGtiid hat sjoen hoe’t de kennisynstituten dêr ûnderling ferbûn binne en hoe’t de ferbining tusken kennis, maatskippij en ûnderwiis is. Fierder hat DINGtiid yn it ramt fan dit ûndersyk petearen hân mei in grut ferskaat oan kennisbestjoerders en jonge kennisprofesjonals. It advysrapport ‘Op ‘e syk nei nije dynamyk’, dat út dit proses fuortkaam is, stelt dat de kennisynfrastruktuer fan it Frysk ferstevige wurde kin at spilers yn it kennisfjild better gearwurkje, bygelyks yn de foarm fan in kennisberie. Yn sa’n fêst oerlispunt kinne alle ûndersyksynstituten en ynstellingen fertsjintwurdige wurde, dy’t it Frysk as taal bestudearje en de kennis dêroer ferspriede. Binnen sa’n kennisberie kinne ûnderling ôfspraken makke wurde oer fûneminteel en tapast ûndersyk en oer kennisoerdracht en regeneraasje. Fierder kin in kennisberie wurkje fanút in dúdlik mienskiplik doel, want gearhing tusken de ferskate projekten ûntbrekt op it heden.

De Provinsje Fryslân is yn 2020 úteinset mei in follow-up fan ús casestudy ‘It gebrûk fan it Frysk by Ryksútfieringsorganisaasjes’. Yn febrewaris 2020 hat DINGtiid dizze casestudy – útfierd op fersyk fan it ministearje fan Ynlânske Saken (BZK) – oanbean oan BZK en de Provinsje Fryslân. DINGtiid hat dêrfoar petearen fierd mei meiwurkers fan Belestingtsjinst, RVO, UWV, DUO en de Meldkeamer Noard-Nederlân. We ha ûndersocht oft de organisaasjes taalbelied opsteld hawwe, hoe’t harren taalhâlding is en hoe’t sy yn de praktyk omgean mei mûnling en skriftlik gebrûk fan de Fryske taal yn harren kontakt mei boargers. Ut de casestudy die bliken dat it brûken fan de Fryske taal by Ryksútfieringsorganisaasjes fuortkomt út de winsk om de klant sa goed mooglik fan tsjinst te wêzen, en net sasear út in wetlike bepaling oangeande it Frysk. As ferfolch hat de provinsje, yn oparbeidzjen mei de Afûk, de Ryksútfieringsorganisaasjes teoretyske en praktyske hânfetten oanbean om taalbelied op te stellen en út te fieren. Dit proses wurdt fuortset yn 2021.

Fokus yn 2021: Tuskenevaluaasje BFTK en rapportaazje Europeesk Hânfêst

Yn 2021 fiere Ryk en provinsje in tuskenevaluaasje út fan de rinnende Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023 (BFTK). DINGtiid sil ynbring leverje foar dizze tuskenevaluaasje. Fierder stelt it Ryk yn 2021 wer in rapportaazje op oangeande de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. DINGtiid sil dêr ynput foar leverje.

Lês hjir it folsleine Frysktalige jierferslach 2020
Lês hjir it folsleine Nederlânsktalige jierferslach 2020

" />

Jierferslach 2020: Provinsje oan de gong mei advysrapporten

07/04/2021

DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, sjocht werom op in beflein 2020. Nettsjinsteande de koroanakrisis is hurd wurke oan ferskillende advysnotysjes. Dêrby is gebrûk makke fan ekspertize út it Fryske kennisfjild. Datselde kennisfjild kin lykwols noch folle mear oparbeidzje, bygelyks yn de foarm fan in kennisberie, om sa de posysje en de kânsen fan it Frysk te fersterkjen. Dat docht bliken út ús advysnotysje oangeande de kennisynfrastruktuer fan it Frysk. De Provinsje Fryslân hat ein 2020 de earste stappen set om yn petear te gean mei de kennisynstellingen. Dat proses moat yn 2021 fierder stal krije oan de hân fan wurkgroepen en fierder oerlis. Datselde jildt foar it advysrapport fan it brûken fan it Frysk by Ryksútfieringsorganisaasjes.

Yn ûndersteand jierferslach in oersjoch fan ús krewearjen yn 2020. Twa swiertepunten dêrút:

  • Advysnotysje ‘Kennisynfrastruktuer fan it Frysk’

Op 1 desimber 2020 oerlange DINGtiid de advysnotysje ‘Op ‘e syk nei nije dynamyk’ oer de Kennisynfrastruktuer fan it Frysk oan deputearren Sander de Rouwe en Sietske Poepjes. Foar dat ûndersyk waarden ûndersyks- en ûnderwiis(stipe)organisaasjes op it mêd fan de Fryske taal yn kaart brocht. It ûndersyk moast ûnder oaren dúdlik meitsje hoe’t der mear gearwurke wurde kin tusken de kennisynstellings fan it Frysk (lykas learstuollen Frysk, hegeskoallen, Fryske Akademy, Tresoar, CEDIN en Afûk) en hoe’t de oanwaaks fan studinten Frysk en de kennisoerdracht ferbettere wurde kinne (regeneraasje).

Advystrajekt

DINGtiid hat yn it ramt fan dit dossier fan 22 oant en mei 25 jannewaris 2020 in wurkbesite brocht oan Galisië, yn Spanje, om te learen hoe’t de kennisynfrastruktuer dêr ynrjochte is. DINGtiid hat sjoen hoe’t de kennisynstituten dêr ûnderling ferbûn binne en hoe’t de ferbining tusken kennis, maatskippij en ûnderwiis is. Fierder hat DINGtiid yn it ramt fan dit ûndersyk petearen hân mei in grut ferskaat oan kennisbestjoerders en jonge kennisprofesjonals. It advysrapport ‘Op ‘e syk nei nije dynamyk’, dat út dit proses fuortkaam is, stelt dat de kennisynfrastruktuer fan it Frysk ferstevige wurde kin at spilers yn it kennisfjild better gearwurkje, bygelyks yn de foarm fan in kennisberie. Yn sa’n fêst oerlispunt kinne alle ûndersyksynstituten en ynstellingen fertsjintwurdige wurde, dy’t it Frysk as taal bestudearje en de kennis dêroer ferspriede. Binnen sa’n kennisberie kinne ûnderling ôfspraken makke wurde oer fûneminteel en tapast ûndersyk en oer kennisoerdracht en regeneraasje. Fierder kin in kennisberie wurkje fanút in dúdlik mienskiplik doel, want gearhing tusken de ferskate projekten ûntbrekt op it heden.

  • Casestudy ‘It gebrûk fan it Frysk by Ryksútfieringsorganisaasjes’