Ferslach wurkbesite Galisië
Programma Galisië

(Fan links nei rjochts: Armando Requeixo Cuba (Ramón Piñeiro Center for Humanities Researches), Gregorio Ferreiro Fente (General Secretary of Language Policy),  Froukje Sijtsma, Anne Popkema, Hedzer Klarenbeek, en Tjallien Kalsbeek (DINGtiid), Valentín García Gómez (General Secretary of Language Policy), Hanny Elzinga en Freddy Weima (DINGtiid).
" />

Wurkbesite Galisië (22-25 jannewaris 2020)

22/02/2020

In delegaasje fan it bestjoer en de folsleine stêf fan DINGtiid hawwe fan 22 oant en mei 25 jannewaris 2020 op wurkbesite west nei Galisië, yn it noardwesten fan Spanje. Doel fan de wurkbesite wie om mear te learen oer hoe’t yn Galisië de kennisynfrastruktuer (KYS) ynrjochte is. Hoe binne de kennisynstituten ûnderling ferbûn en hoe is de ferbining tusken kennis, maatskippij en ûnderwiis?

De wurkbesite is ûnderdiel fan it ûndersykstrajekt nei de ‘Kennisynfrastruktuer Frysk’ (KYS) dat DINGtiid útfiert. Graach diele wy ús befinings fan dizze stúdzjereis. DINGtiid organisearret yn it ramt fan dit ûndersykstrajekt nei de KYS twa DINGpetearen (novimber 2019 en maart 2020). Ein 2020 hopet DINGtiid de notysje dêroer presintearje te kinnen.