Oanbefellings

Op basis fan de befinings docht DINGtiid yn de casestudy in sântal oanbefellings. Gearfette binne dat de folgjende:

  1. Stimulearje alle Ryksútfieringsorganisaasjes dy’t aktyf binne yn Fryslân of kontakt hawwe mei Fryske boargers om eksplisyt taalbelied foar it Frysk op te stellen. Belûk dêryn ek Fryske taalstipe-organisaasjes, lykas de Afûk, dy’t helpe kinne mei it opstellen fan rjochtlinen.
  2. Help Ryksútfieringsorganisaasjes om yntinsiver yn te setten op Fryske taalbehearsking ûnder meiwurkers mei klantkontakt, en moedigje de organisaasjes oan om harren meiwurkers in taalkursus Frysk folgje te litten.
  3. Meitsje ynsichtlik hokker meiwurkers oft it Frysk aktyf en/of passyf behearskje én ynformearje boargers dat se Frysk prate kinne.
  4. Stypje de Meldkeamer Noard-Nederlân yn syn winsk om in positive taalhâlding foaroer it Frysk by sintralisten te ûntwikkeljen.
  5. Soargje dat it brûken fan it Frysk by de Lanlike Meldkeamer Gearwurking yn de praktyk mooglik is en bliuwt.
  6. Daagje Ryksútfieringsorganisaasjes út om mei ideeën te kommen hoe’t sy it Frysk binnen harren organisaasje ynsette kinne en in positive taalhâlding stimulearje kinne.
  7. Nim by in ferfolch fan it pilotprojekt Ynformaasjepunt Digitale Oerheid fan de Manifestgroep, it Frysk en Nederlânske streektalen eksplisyt mei yn de opset fan de regionale stipepunten.

Bylagen:

Advys ‘Het gebruik van Fries bij Rijksuitvoeringsorganisaties’
Oanbiedingsbrief BZK (27 febrewaris 2020)
Oanbiedingsbrief Provinsje Fryslân (27 febrewaris 2020)
Reaksje BZK op de Casestudy (8 maaie 2020)
Advysbrief oan BZK (7 febrewaris 2023)

" />

Utfieringsorganisaasjes wolle oan de slach mei it Frysk

03/03/2020

Der falt noch in soad winst te beheljen foar it brûken fan de Fryske taal binnen Ryksútfieringsorganisaasjes. Dat docht bliken út in casestudy dy’t DINGtiid, orgaan foar de Fryske taal, op fersyk fan minister Ollongren fan Ynlânske Saken (BZK) yn 2018 en 2019 útfierde.

DINGtiid spruts mei meiwurkers fan Belestingtsjinst, de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO), it Utfieringsynstitút Wurknimmersfersekerings (UWV), de Tsjinst Utfiering Underwiis (DUO) en de Meldkeamer Noard-Nederlân en ûndersocht oft de organisaasjes taalbelied opsteld hawwe, hoe’t harren taalhâlding is en hoe’t sy yn de praktyk omgean mei mûnling en skriftlik gebrûk fan de Fryske taal yn harren kontakt mei boargers.

Befinings

Guon wichtige befinings yn fûgelflecht:

Taalbelied
Ut de petearen blykt dat de meiwurkers fan dizze fiif Ryksútfieringsorganisaasjes bekend binne mei de Wet gebrûk Fryske taal (WGFT, 2014) en dêrmei mei de wetlike posysje fan de Fryske taal. Mar gjin fan de Ryksútfieringsorganisaasjes hat oangeande it Frysk spesifyk taalbelied opsteld. It brûken fan de Fryske taal yn de deistige praktyk by de Ryksútfieringsorganisaasjes komt fuort út de winsk om de klant sa goed mooglik fan tsjinst te wêzen – dus net sasear út in wetlike bepaling oangeande de Fryske taal.

Taalhâlding
De meiwurkers fan de Ryksútfieringsorganisaasjes stean yn harren klantkontakt posityf foar sprutsen Frysk oer. It management fan de Meldkeamer Noard-Nederlân fernimt dat tefolle beklamjen fan it gebrûk fan de Fryske taal by guon meiwurkers in negatyf sentimint oproppe kin. Dêrom ropt it management op om ta in nij, breed taalbelied te kommen, dêr’t neist it Frysk ek oare talen yn meinommen binne. Dêrby stiet it management iepen foar stipe troch eksterne saakkundigen fan de Fryske taal by it foarmjaan fan dat brede taalbelied. De Meldkeamer Noard-Nederlân wol yn it algemien in positive taalhâlding stimulearje en it brûken fan it Frysk by klantkontakten ferbetterje.

Taalpraktyk
It brûken fan de Fryske taal yn de deistige praktyk by de Ryksútfieringsorganisaasjes komt fuort út de winsk om de klant sa goed mooglik fan tsjinst te wêzen, en net sasear út in wetlike bepaling oangeande de Fryske taal. Alle Ryksútfierings-organisaasjes rapportearje dat se gjin ûnderfining hawwe mei gefallen dêr’t it boargers en/of meiwurkers ôfret of sels ûnmooglik makke wurdt om harsels yn it Frysk te uterjen.

Frysk wurket drompelferleegjend

UWV en Belestingtsjinst, en foar in part ek DUO en de Meldkeamer Noard-Nederlân, hawwe yn ferhâlding faker te krijen mei sosjaalekonomysk swakkere boargers. Sokke boargers hawwe boppegemiddeld folle problematyk mei skulden, wurkleazens, betellingsefterstannen, analfabetisme en psychyske problemen. Foar harren is it bytiden al lestich om überhaupt yn kontakt te kommen mei oerheidsynstânsjes. Sawol it UWV as de Belestingtsjinst jouwe oan dat it klanten dúdlik helpt as der Frysk mei harren praat wurdt: dat wurket drompelferleegjend. As minsken yn harren memmetaal prate kinne oer saaklike, emosjonele of ynhâldlik lestige ûnderwerpen, ferrint it kontakt mei de Ryksútfieringsorganisaasje gefoelsmjittich makliker.

Frysk ûnder druk troch Wizigingswet Meldkeamers

By guon Ryksútfieringsorganisaasjes leit de fokus op mear lokaal operearjen (middels it Ynformaasjepunt Digitale Oerheid). By de Meldkeamer Noard-Nederlân is krekt in tsjinoerstelde ûntjouwing oan de oarder. Dat hinget gear mei de oannommen Wizigingswet Meldkeamers. Dy laat derta dat op termyn tsien keppele meldkeamers (fan de notiidske sechstjin) oerbliuwe, ûnder de flagge fan de Lanlike Meldkeamer-gearwurking. Dy tsien kinne byneed inoars wurk oernimme. Alle meldkeamers hawwe in eigen primêr fersoargingsgebiet. De Wizigingswet Meldkeamers befettet neat oer it brûken fan it Frysk of de streektalen. Yn it Oerdrachtsdokumint dat de Meldkeamer Noard-Nederlân skreaun hat, is lykwols wol opnommen dat de posysje fan it Frysk foar dizze meldkeamer in eigenheid is, dêr’t rekken mei hâlden wurde moatte soe.