It folsleine rapport fine jo hjir.
Deputearre Poepjes sei ta dy advizen te bestudearjen. Koartlyn mocht DINGtiid har skriuwen ûntfange. Gearfetsjend jout ús advysrapport de provinsje in algemiene befêstiging fan de stân fan saken fan it Frysk yn it ûnderwiis. Oan de oare kant sprekt de provinsje har nuansearring út oer it byld fan de aktuele situaasje. Benijd nei hoe’t de provinsje krekt sjocht nei ús advizen en wêr’t sy har foar ynsette wol en kin? Lês dan de ynhâldlike reaksje fan de provinsje op ús ûnderwiisadvysrapport.
Fierder jout de provinsje oan dat se boarnefermelding en literatuerferwizing misse yn ús advysrapport. Fansels hawwe wy net samar wat op papier set, mar is der kritysk ûndersyk dien en hawwe wy wiidweidige petearen fierd. DINGtiid jout hjirby dan ek gehoar oan de winsk fan de provinsje om online op ús eigen webside noch in dokumint ta te heakjen oan ús advysrapport, om ús opfettings fierder ta te ljochtsjen: General Introduction Frisian in Education.
Op 25 july 2017 hat DINGtiid in skriftlike reaksje ûntfongen fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU) op it ûnderwiisadvysrapport. Dêryn pleatst Sytse Hiemstra in tal fan kantekenings by dat rapport. De folsleine reaksje fan FFU is hjir te lêzen.
" />
Foar DINGtiid stie 2016 yn it ramt fan it Frysk yn it ûnderwiis. DINGtiid hat doe praat mei profesjonals út it hiele ûnderwiisfjild. Dat resultearre eintsjebeslút yn ús ûnderwiisadvysrapport ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’. Begjin febrewaris 2017 is dat troch DINGtiid en ûnderwiisprofesjonals sels oerlange oan deputearre Sietske Poepjes. Yn dat advys joegen wy 20 konkrete advizen mei. It folsleine rapport fine jo hjir.