• Skoallen en ûnderwiiskoepels moatte meartalich ûnderwiis dúdlik yn harren belied opnimme.
  • Lit it ûnderwiis sykje nei ferbiningen tusken talen foar lesmateriaal en set rânebetingsten op foar meartalich ûnderwiis.
  • Lit ûnderwiis op alle nivo’s gearwurkje en soargje foar in bettere oansluting fan it Frysk tusken foarskoalsk en primêr ûnderwiis én tusken primêr en fuortset ûnderwiis.
  • Stel Frysk ferplichte yn de foareksamenklassen.
  • Meitsje op termyn de learare-opliedingen meartalich.
  • Freegje it foech Frysk as bekwamenseask foar leararen yn Fryslân en jou dat ek wetlike basis.
  • Stel de behearsking fan it Frysk as eask yn fakatueres fan de oerheid.
  • Set bewustwurdingskampanjes op om it belang fan it Frysk te ûnderstreekjen.
  • “Dizze en oare advizen binne ornearre foar provinsje, ûnderwiis, ynspeksje, âlden, mar ek bygelyks foar it bedriuwslibben. De takomst fan it Frysk is in ferantwurdlikheid fan ús allegearre,” beslút Weima.

    Nijsgjirrich nei alle advizen? Lês dan ûndersteand advysrapport:

    Frysktalich Underwiisadvysrapport DINGtiid 

    3 febrewaris 2017, Ljouwert.

    " />

    Meartaligens as nije kâns foar it Frysk yn it ûnderwiis

    03/02/2017

    Skoallen yn Fryslân soenen har folle mear fokusje moatte op meartaligens: dat is goed foar de taalûntwikkeling fan bern. Boppedat is it in kâns om de Fryske taal op in heger plan te tillen. Dat is in belangrike konklúzje út it advysrapport ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’ dat DINGtiid, Orgaan foar de Fryske taal, freed oanbean hat oan deputearre Sietske Poepjes op CSG Liudger yn Burgum.

    It CSG Liudger is in goed foarbyld fan meartalich ûnderwiis, fynt DINGtiid-bestjoerslid Freddy Weima. “Learlingen fan it Liudger krije bygelyks skiednisles yn it Frysk, dêrneist brûke se ek it Ingelsk en it Nederlânsk yn de klasse as fak en ynstruksjetaal. It docht bliken dat se dêrtroch alle trije talen better behearskje as learlingen fan ientalich ûnderwiis.”

    Skoallen nimme wetlike ferplichtingen net serieus

    It ôfrûne jier hat DINGtiid op ferskate skoallen west en praat mei ûnderwiisprofesjonals, fan berne-opfang oant en mei it wittenskiplik ûnderwiis. “Oeral yn de provinsje binne entûsjaste minsken mei moaie inisjativen foar it Frysk op skoalle, mar oer de hiele liny kin en moat it better, want nettsjinsteande dat entûsjasme stiet it Frysk yn it ûnderwiis der net goed genôch foar. Der binne bygelyks nochal wat skoallen dy’t wetlike ferplichtingen net serieus nimme,” stelt Weima.

    Tweintich advizen

    De ynfrastruktuer foar it Frysk yn it folsleine ûnderwiis moat better brûkt wurde, om sa in trochgeande learline te krijen en de takomst fan it Frysk yn it ûnderwiis en ek yn oare domeinen feilich te stellen. DINGtiid hat dêrom tweintich advizen opsteld foar sawol de koarte as de lange termyn mei de fokus op it Frysk yn in meartalige kontekst. In pear dúdlike advizen út it ûnderwiisadvysrapport binne:

    • Skoallen en ûnderwiiskoepels moatte meartalich ûnderwiis dúdlik yn harren belied opnimme.
    • Lit it ûnderwiis sykje nei ferbiningen tusken talen foar lesmateriaal en set rânebetingsten op foar meartalich ûnderwiis.
    • Lit ûnderwiis op alle nivo’s gearwurkje en soargje foar in bettere oansluting fan it Frysk tusken foarskoalsk en primêr ûnderwiis én tusken primêr en fuortset ûnderwiis.
    • Stel Frysk ferplichte yn de foareksamenklassen.
    • Meitsje op termyn de learare-opliedingen meartalich.
    • Freegje it foech Frysk as bekwamenseask foar leararen yn Fryslân en jou dat ek wetlike basis.
    • Stel de behearsking fan it Frysk as eask yn fakatueres fan de oerheid.
    • Set bewustwurdingskampanjes op om it belang fan it Frysk te ûnderstreekjen.

    “Dizze en oare advizen binne ornearre foar provinsje, ûnderwiis, ynspeksje, âlden, mar ek bygelyks foar it bedriuwslibben. De takomst fan it Frysk is in ferantwurdlikheid fan ús allegearre,” beslút Weima.

    Nijsgjirrich nei alle advizen? Lês dan ûndersteand advysrapport:

    Frysktalich Underwiisadvysrapport DINGtiid 

    3 febrewaris 2017, Ljouwert.