It advysbrief oan de minister kinne jo hjir lêze.
Lês hjir it folsleine rapport yn it Frysk.
Der is ek in Nederlânsktalige gearfetting beskikber.
Update: op 21 desimber 2018 hat minister Ollongren yn in skriftlike reaksje witte litte de soargen fan DINGtiid te dielen. Sy riedt DINGtiid oan om dizze soargen kenber te meitsjen by de Ried fan Europa.
" />
It Ryk soe mei de Ried fan Europa yn petear gean moatte om effisjinter te rapportearjen oer it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. No binne der strukturele swierrichheden yn de rapportaazjesyklus, dy’t net goed binne foar it Frysk. Dat blykt út ûndersyk dat DINGtiid, it ryksadvysorgaan foar de Fryske taal, útfiere litten hat troch Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen.
It ûndersyk is útset nei oanlieding fan de fraach fan de provinsje Fryslân hokker lessen oft leard wurde kinne út de fiif rapportaazjesykly dy’t sûnt 1996 west ha oangeande it útfieren fan it Europeesk Hânfêst. Minister Ollongren fan it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes hat it rapport op freed 30 novimber yn Ljouwert yn ûntfangst naam.
Mercator Kennissintrum hat sjoen nei de ymplemintaasje fan de oanbefellings foar it Frysk dy’t it Komitee fan Eksperts (COMEX) oan Nederlân dien hat sûnt de ratifikaasje fan it Europeesk Hânfêst yn 1996. Yn it rapport stiet in tabel dy’t oanjout wêr’t neffens de COMEX de ymplemintaasje (noch) net goedernôch trochfierd is. Ut it oersjoch docht yn ien eachopslach bliken dat der by guon bepalings sprake is fan struktureel ferskillende opfettingen.
Nei oanlieding fan observaasjes en oanbefellings yn it rapport hat DINGtiid in tal advizen dien oan it Ryk, mar ek oan de Ried fan Europa en de Provinsje Fryslân. Dy advizen binne úteinlik ornearre om ymplemintaasje fan de Europeeske oanbefellings flugger en better plakfine te litten.