Yn it ûndersyk, dat DINGtiid útfiere litten hat troch Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, wurdt dúdlik dat der no strukturele swierrichheden yn de rapportaazjesyklus bestean, dy’t net goed binne foar it Frysk. It ûndersyk waard útset nei oanlieding fan de fraach fan de provinsje Fryslân hokker lessen oft leard wurde kinne út de fiif rapportaazjesykly dy’t sûnt 1996 west ha oangeande it útfieren fan it Europeesk Hânfêst. Ien fan de oanbefellings út dat rapport is dat it Ryk mei de Ried fan Europa yn petear gean moatte soe om effisjinter te rapportearjen oer it Europeesk Hânfêst. De trijejierlikse Europeeske rapportaazjesyklus rint net lykop mei de fjouwerjierrige syklus fan de Ryksoerheid. Dat keart effisjinte ymplemintaasje foar in part op. Minister Ollongren lit yn in skriftlike reaksje no witte dy soargen te dielen en riedt DINGtiid oan om dat kenber te meitsjen by de Ried fan Europa.
Lês hjir de folsleine reaksje minister Ollongren
" />Minister Ollongren kin har fine yn de soargen fan DINGtiid oer de rapportaazjedruk by de Ried fan Europa oangeande it Europeesk Hânfêst. Dat lit de minister witte yn in skriftlike reaksje op it ûndersyksrapport ‘De ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen yn Nederlân sûnt it ratifisearjen yn 1996’, dat DINGtiid har op 30 novimber 2018 yn Ljouwert oerhannige.