De Upstalsbeam yn Aurich (foto: Shutterstock)

Skiednis ‘asega’ en ‘Pinkstertiisdei’
In asega wie yn de hege midsiuwen in ‘rjocht-sizzer’, in kenner fan it rjocht. Hy advisearre de rjochter. Yn dy tiid waard in rjochtssitting – in ‘ding’ – iepene mei de fraach: “Asega, is it dingtiid?” En dy fraach waard dan beäntwurde: “Ja, dat is it.” Letter, yn de 13e iuw, kamen rjochters út de sân Fryske seelannen jierliks byinoar, op Pinkstertiisdei, om mei-inoar rjocht te sprekken en nije regels ôf te praten. Dat barde by de Upstalsbeam, in rjochtsplak deunby Aurich. Ut dyselde tiid stamt ek in leginde weryn’t oan tolve asega’s it rjocht fan de Friezen jûn wurdt.

Arjen Bloem (1997)
“Myn namme is Arjen Bloem en de rike Fryske skiednis hat my altyd fasinearre. It wie net te ûntkommen dat ik skiednis studearje soe yn Grins. Yn myn stúdzje wie ik al tige ynteressearre yn de Fryske skiednis. Sa haw ik myn bachelorskripsje oer de walfiskfangst yn Harns skreaun yn de 19e iuw. Asega wêze betsjut foar my in bydrage oan it behâld fan de Fryske taal en it trochjaan oan in nije generaasje Friezen. Ik bin tankber dat it bestjoer besletten hat om net allinnich oer jongerein te praten, mar ek mei jongerein. Omdat se de takomst binne. Yn de rol fan Asega doch ik myn bêst om dy stim sa goed mooglik út te drukken.” LinkedIn

Ate Bouma (2002)
“Myn namme is Ate Bouma en ik bin hikke en tein yn Ferwert. De fassinaasje foar skiednis rint al inkelde generaasjes troch ús famylje en ik haw der dan ek nea oan twivele dat ik my earne oars mei dwaande hâlde soe as de (Fryske) skiednis. Ik sit no yn it lêste jier fan myn skiednisstúdzje en bin fan doel om myn skripsje yn it Frysk te skriuwen. Dêrnjonken bin ik mei in soad wille skaadfraksjelid foar de FNP yn de gemeente Noardeast-Fryslân. As Asega soe ik my ynsette wolle om de jongerein bewust te meitsjen fan de rykdom, skjintme en mooglikheden fan de Fryske taal en kultuer, sadat sy niget en nocht hawwe om ús taal mei te nimmen nei de takomst.” LinkedIn

Willem Duijff (2000)
“Myn namme is Willem Duijff en ik kom út it prachtige Damwâld. Ik haw Europeeske Talen en Kultueren studearre yn Grins en folgje dêr op it stuit de stúdzje Rjochten. Op de universiteit bin ik boppedat fia it fak Aldfrysk yn kontakt kaam mei de wrâld fan de Frisistyk. Dêr fûn ik út hoe wichtich oft it is om de Frisistyk en de Fryske taal yn stân te hâlden en te beskermjen. Dêrom slút ik my graach by DINGtiid oan as Asega.” LinkedIn

Jorris Kingma (1996)
“Myn namme is Jorris Kingma en ik kom fan Rie. Ik haw de oplieding Europeeske Stúdzjes dyn yn Ljouwert, en op it stuit doch ik de ûndersyksmaster Classical, Medieval and Early Modern Studies yn Grins. Ik haw my altiten al ynteressearre foar Fryske skiednis, taal en kultuer – sa haw ik myn skripsje foar Europeeske Stúdzjes skreaun oer de taalynfrastruktuer fan it Frysk, en myn bachelorskripsje skiednis oer de kultuerhistoaryske eftergrûn fan de ‘mislearre’ doop fan de kening Redbad. Ik slút my oan by de Asega’s om’t ik it wichtich fyn jongerein te ynteressearjen foar de ferhalen fan Fryslân.’’ LinkedIn

Jelmer Quartel (1995)
“Myn namme is Jelmer Quartel en ik wenje op De Jouwer. Yn it deistich libben bin ik havenmaster yn it moaie Terherne. Dêrneist bin ik mei grut entûsjasme riedslid út namme fan de FNP yn de gemeente De Fryske Marren. As Asega hoopje ik my op in passende en entûsjaste wize, mei de oare Asega’s en DINGtiid, yn te setten foar de Fryske taal en kultuer.” LinkedIn

Kyra Rottiné (2002)
“Myn namme is Kyra Rottiné en ik studearje Bestjoerskunde oan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert. Yn myn stúdzje haw ik myn passy foar de Fryske taal en kultuer ûntdutsen. Ik mocht nammentlik twa kear beliedsmjittich ûndersyk dwaan nei de Fryske taal en ek haw ik de minor Frysk folge. As takomstich bestjoerskundige tink ik al gau yn oplossingen en as Asega wol ik my dan ek graach ynsette foar de takomst fan de Fryske taal.” LinkedIn

Welmoed Sjoerdstra (1999)
“Myn namme is Welmoed Sjoerdstra en ik wurkje as Projektmeiwurker Edukaasje en Taalpromoasje by Afûk. Ik wol Asega wêze om’t ik nei myn stúdzje Applied Linguistics in breed byld krije wol fan de hjoeddeiske steat fan de Fryske taal. Ut benammen it perspektyf fan taalûnderwiis wei hoopje ik mei de oare Asega’s ús generaasje goed fertsjintwurdigje te kinnen om de Fryske taal op it plak te krijen dêr’t it heart.” LinkedIn

Sibrecht Veenstra (1998)
“Myn namme is Sibrecht Veenstra en ik bin berne yn Drachten. Doe’t ik nei myn stúdzjes Europeeske Talen en Kultueren en de master Taalkunde: Meartaligens noch net útstudearre wie, haw ik besletten om my mear te ferdjipjen yn it Frysk. Nei it ôfrûnjen fan de ienjierrige masteroplieding ta dosint Frysk oan de Rijksuniversiteit Groningen bin ik no wurksum as dosint oan de NHL Stenden by de twadde- en earstegraadsoplieding dosint Frysk. Ik hoopje as Asega mear te learen oer de regel- en wetjouwing oangeande it Frysk en my yn te setten foar in fitale Fryske takomst.” LinkedIn

Syrou van der Velde (2002)
“Myn namme is Syrou van der Velde en ik studearje Minorities and Multilingualism oan de Ryksuniversiteit Grins. Sa as myn stúdzje al seit, bin ik ynteressearre yn minderheden en talen en lit Frysk no krekt in minderheidstaal wêze. Frysk is foar my in hiel wichtige taal, want myn hiele famylje praat it. Dêrom fyn ik it ek belangryk dat de taal bestean bliuwt  en dat it mear praat wurdt. Dêrom wol ik my graach oanslute by de Asega’s sadat ik dêr by helpe kin om it Frysk wat belangriker te meitsjen.” LinkedIn

Fardau Visser (1999)
“Myn namme is Fardau Visser en bin opgroeid yn Berltsum. Ik wurkje as ûndersiker en dosint op it mêd fan Frysk en meartaligens yn it ûnderwiis. Ik wol graach Asega wêze, om’t ik it wichtich fyn dat jonge minsken harren fanút ferskate eftergrûnen en belangen dwaande hâlde mei de steat en de takomst fan de Fryske taal en kultuer. Sa kin der in brêge slein wurde tusken de âldere en jongere generaasje én kin der op in ferfrissende wize sjoen wurde nei de maatskiplike útdagings fan dizze tiid.” LinkedIn

Iris Witzenburg (1999)
“Myn namme is Iris Witzenburg. Yn it deistich libben wurkje ik as sjoernalist foar Omrop Fryslân. Ik wenje sûnt dit jier yn Ljouwert mei in goede freondinne fan my dy’t ek Frysk is. Ik praat dêrtroch hast gjin Nederlânsk mear op in standert dei. Mei dêrom wol ik graach Asega wêze, om’t ik sjoch hoe wichtich de Fryske taal foar in soad jongerein is. As in part fan harren identiteit, mar ek gewoan om harren goed úterje te kinnen.” LinkedIn

Pieter Zijlstra (2000)
“Myn namme is Pieter Gysbert Zijlstra . Ik bin berne yn Drachten, mar opgroeid yn de Súdwesthoeke. Op it stuit doch ik in master yn Ynternasjonaal Bestjoer en Diplomatie oan Sciences Po te Parys. Fierder skriuw ik kollums foar de Ljouwerter Krante en piel ik graach wat om mei Fryske rap. It liket my nijsgjirrich om Asega te wêzen, om’t ik graach mear ynsjoch krije wol yn de kleau tusken de posysje fan it Frysk yn de wet en yn de praktyk. Benammen yn de kontekst fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen.” LinkedIn

" />

Jongere-panel fan Asega’s helpt DINGtiid mei Frysk taaladvys

30/05/2023

Tolve Fryske studinten en jonge profesjonals sille DINGtiid as Asega’s helpe by syn advyswurk. Dat makket it advysorgaan foar de Fryske taal bekend op de tiisdei nei it Pinksterwykein. De Asega’s wurde beneamd foar in perioade fan twa jier.

DINGtiid is oprjochte fanút de Wet gebrûk Fryske taal (2014). It bestjoer wol graach dat de advizen dy’t DINGtiid útbringt ek heard en toetst wurde by de folgjende generaasje dy’t him foar de Fryske taal ynsette wol.

Foarsitter Jan Koster fan DINGtiid: “Ynbring fan jongerein by ús wurk is hurd nedich. Boppedat wolle wy graach harren belutsenheid by it Frysk fergrutsje. Ek mei it foarútsjoch dat wy it stokje trochjaan kinne oan de folgjende generaasje Friezen dy’t him mei taal en taalbelied dwaande hâlde wol.”