kabinetsreaksje (jannewaris 2025) op ús BFTK-advys.

Yn ús BFTK-advys stiet dat wy oer de hiele breedte beskôge tige wiis binne mei de tanommen ambysje dy’t de nije BFTK op sa goed as alle beliedsmêden befettet. Boppedat is by de Ryksoerheid, mar ek yn de Twadde Keamer, sûnt 2022 aldergeloks yn tanimmende mjitte in gefoel fan ferantwurdlikheid en soarchplicht te fernimmen.

 

Minister Hugo de Jonge (BZK) en kommissaris Arno Brok (links) yn petear mei DINGtiid-bestjoerders Jan Koster en Alex Riemersma. Rjochts Harry van der Molen (Firda).

Oanbefellings
De oanbefellings yn dit advysrapport binne der yn grutte mjitte op rjochte om dat tanimmende gefoel fan ambysje op de ûnderskate beliedsmêden om te setten en te boargjen yn gearhingjend, domeinoerstiigjend, langetermynbelied foar it Frysk. Dêrta is it wichtich dat der fokus komt; it stellen fan in heldere langetermynambysje, it setten fan konkrete doelen dy’t dy ambysje stypje en it boargjen fan de struktueren en ynset dy’t dêrfoar nedich binne – amtlik likegoed as bestjoerlik, provinsjaal likegoed as nasjonaal.

Ek al hat DINGtiid allinne teksten beoardielje kind dy’t op plakken noch foarriedich wienen, dochs kinne we op basis fan de konsepten al in grut tal observaasjes en oanrikkemandaasjes dwaan. Guon fan de wichtichste oanbefellings op haadlinen (foar advizen op bepalingsnivo: sjoch fierderop yn it rapport) binne de folgjende:

Fierder lêze
BFTK-advys DINGtiid (25 maart 2024)

" />

BFTK-advys DINGtiid

07/01/2025

Ryk en Provinsje Fryslân ûndertekenen op 8 april 2024 yn Snits de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028. Neffens de Wet gebrûk Fryske taal (2014) hat DINGtiid ta taak om te advisearjen oer de BFTK. Ein maart 2024 is dat advys oerlange. Op fersyk fan it Ryk is it advys iepenbier makke, tagelyk mei de kabinetsreaksje (jannewaris 2025) op ús BFTK-advys.

Yn ús BFTK-advys stiet dat wy oer de hiele breedte beskôge tige wiis binne mei de tanommen ambysje dy’t de nije BFTK op sa goed as alle beliedsmêden befettet. Boppedat is by de Ryksoerheid, mar ek yn de Twadde Keamer, sûnt 2022 aldergeloks yn tanimmende mjitte in gefoel fan ferantwurdlikheid en soarchplicht te fernimmen.

 

Minister Hugo de Jonge (BZK) en kommissaris Arno Brok (links) yn petear mei DINGtiid-bestjoerders Jan Koster en Alex Riemersma. Rjochts Harry van der Molen (Firda).

Oanbefellings
De oanbefellings yn dit advysrapport binne der yn grutte mjitte op rjochte om dat tanimmende gefoel fan ambysje op de ûnderskate beliedsmêden om te setten en te boargjen yn gearhingjend, domeinoerstiigjend, langetermynbelied foar it Frysk. Dêrta is it wichtich dat der fokus komt; it stellen fan in heldere langetermynambysje, it setten fan konkrete doelen dy’t dy ambysje stypje en it boargjen fan de struktueren en ynset dy’t dêrfoar nedich binne – amtlik likegoed as bestjoerlik, provinsjaal likegoed as nasjonaal.

Ek al hat DINGtiid allinne teksten beoardielje kind dy’t op plakken noch foarriedich wienen, dochs kinne we op basis fan de konsepten al in grut tal observaasjes en oanrikkemandaasjes dwaan. Guon fan de wichtichste oanbefellings op haadlinen (foar advizen op bepalingsnivo: sjoch fierderop yn it rapport) binne de folgjende:

  • It notiidske BFTK-proses liedt ta (te) hege wurkdruk yn, benammen, de lêste oardel jier fan de beliedsperioade; dat hat net-winsklike gefolgen op it mêd fan gearwurking en konsultaasje. Foar mear stabiliteit en in bettere dialooch is in werstrukturearring fan it BFTKproses nedich.
  • Der is by beide oerheden noch te min kontinuïteit yn en strukturele romte foar it amtlike hantwurk dat it Fryske taaldossier meibringt; yn in werstrukturearring fan it BFTK-proses moatte beide aspekten har gerak krije.
  • Konkretisearring fan de ôfspraken is winsklik. BFTK-ôfspraken soenen sa helder en mjitber mooglik formulearre wurde moatte; dat makket ek de monitoring makliker.
  • De monitoring soe better fêstlein wurde moatte yn de BFTK; no wurdt dy net apart behannele.
  • Om goed op taalbelied stjoere te kinnen, moatte de effekten dúdliker wêze. Dêrfoar is in sterke taalmjitynfrastruktuer nedich, dy’t no noch ûntbrekt. Jou de akademyske frisistyk opdracht om sa’n taalmjitynfrastruktuer te ûntwerpen.
  • Om gearhing yn it taalbelied oan te bringen – sawol by de oerheden as yn it fjild – moat de kommende jierren ynset wurde op it ûntwikkeljen fan in maatskiplik breeddroegen takomstfyzje op it Frysk, dêr’t heldere langetermyndoelen út fuortkomme.
  • Taalbelied tsjinnet úteinlik it belang fan de boarger, mar de maatskiplike belutsenheid by taalbelied is noch te lyts en te fragmintearre. Set swier yn op de marketing fan taalbelied om de belutsenheid by de boarger te fergrutsjen; dat sil ek helpe om draachflak foar de niisneamde takomstfyzje te krijen.
  • Draach as oerheden sterker tegearre it (ynter)nasjonale histoaryskgeografyske ferhaal fan it Frysk út, om’t bekendheid mei dat ferhaal selsbewustwêzen, ynsjoch en taalgrutskens befoarderet, wat ek de belutsenens by taalbelied fergruttet – sawol by boargers as by organisaasjes en oerheden.
  • De BFTK befettet ôfspraken dêr’t Ryk en Provinsje it oer iens wurde binne om it Frysk te befoarderjen, al ha beide oerheden dêr har eigen ferantwurdlikheden yn. Dochs: sprek as BFTK-partners mei ien mûle, suggerearje nearne dat ien oerheid in beskate passaazje of ôfspraak wichtiger fynt as de oare oerheid.
  • It Fryske taalfjild is kompleks en fragmintearre. Bring it ‘Hûs fan it Frysk’ yn byld: hokker organisaasjes binne der en watfoar taken en ferantwurdlikheden ha dy? En hoe soe dat Hûs derút sjen moatte om de takomstfyzje foar it Frysk te stypjen?
  • It ûnderwiisfjild is essinsjeel yn elts senario foar de fitaliteit fan it Frysk, mar dochs kin de gearhing yn it ûnderwiisbelied oer de hiele line – ‘fan pjut oant promovendus’ – noch better. Wurkje de ûnderwiisambysjes foar de lange termyn út yn in aparte Underwiisnotysje Frysk en meitsje dêryn de boarging fan de trochgeande learline ta it liedende beliedsprinsipe.
  • Soargje dat yn de kommende beliedsperioade it mbû-praktoraat, de minor Frysk foar sjoernalisten en de universitêre bachelor Frysk duorsum ynrjochte wurde.
  • Jou as BFTK-oerheden it goede foarbyld dêr’t dat kin, sawol yntern (bgl. by Rykstsjinsten, by klachteprosedueres, by beneamingsbelied) as ekstern (bgl. as rjochtspartij yn de rjochtseal of by kontakten/ trajekten mei maatskiplike of ekonomyske partners).
  • De BFTK soe ûnder 3.1 in bepaling befetsje moatte dy’t tsjinnet om saaklike skelen tusken Ryk/OM en it Fryske tolkegilde sa gau mooglik op te lossen.
  • Striel ambysje út en bied help oan op beliedsmêden dêr’t Ryk noch Provinsje foech hat (bgl. gemeenten), mar bliuw dêrby wol rolfêst.

Fierder lêze
BFTK-advys DINGtiid (25 maart 2024)