kabinetsreaksje op it advys fan DINGtiid oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal & Kultuer 2024-2028 (BFTK), dy’t yn april 2024 ûndertekene is. Mei út namme fan de ministearjes OCW, J&V en SZW betanket se DINGtiid foar de ‘yngeande analyze en de konstruktive gearwurking’.
Foarsitter Jan Koster fan DINGtiid is der wiis mei dat de ministearjes it advys yn grutte linen ûnderskriuwe. Tagelyk is dúdlik dat in ambisjeuze BFTK in soad wurk meibringt, en dat de rintiid fan fiif jier koart is. ‘De reaksje fan it Ryk op ús advizen is perfoarst posityf. Dat is moai, want ast it fierhinne mei-inoar iens bist, kinst better gearwurkje. Wy binne ek hiel wiis mei de grutte ambysjes fan Ryk en Provinsje mei it Frysk. Tagelikertiid warskôgje we der wol foar dat in soad ôfspraken noch net hiel konkreet binne en der net altiten genôch gearhing is yn it taalbelied. Fertraging leit dan op ’e loer. Dat is wat ús oangiet miskien wol it grutste gefaar: it is samar 2028.’
Tanommen ambysjes
Neffens de Wet gebrûk Fryske taal (2014) hat DINGtiid ta taak om te advisearjen oer de BFTK, en dat advys is ein maart 2024 oan Ryk en Provinsje oerlange. Yn it advys stiet dat DINGtiid oer de hiele breedte beskôge tige wiis is mei de tanommen ambysje dy’t de nije BFTK op sa goed as alle beliedsmêden befettet. Boppedat is by de Ryksoerheid, mar ek yn de Twadde Keamer, sûnt 2022 aldergeloks yn tanimmende mjitte in gefoel fan ferantwurdlikheid en soarchplicht te fernimmen. De oanbefellings yn it BFTK-advys fan DINGtiid binne der benammen op rjochte om dy ambysje op de ûnderskate beliedsmêden om te setten yn gearhingjend langetermynbelied foar it Frysk, en it sa ek te boargjen.
Langetermyndoelen
DINGtiid advisearret Ryk en Provinsje dus om safolle mooglik gearhing yn it taalbelied oan te bringen – sawol by de oerheden as yn it fjild. Foar dy gearhing is it nedich dat der in takomstfyzje op it Frysk ûntwikkele wurdt dy’t maatskiplik echt breeddroegen wurdt. It Ryk ûnderskriuwt it belang fan langetermyndoelen foar it Frysk, en it belang fan de mienskip by it opstellen dêrfan. Minister Uitermark: ‘By it fêststellen fan de langetermyndoelen is it wichtich om yn Fryslân in dialooch mei de mienskip op gong te bringen oer dizze doelen.’
DINGtiid is bliid dat it advys om langetermyndoelen te stellen oernaam wurdt en dat der each is foar it feit dat in takomstfyzje foar it Frysk echt breeddroegen wurde moat troch de Fryske mienskip. Yn ús Wurkprogramma 2024-2025 is al in advysdossier oangeande de Langetermynambysje mei it Frysk opnaam, dat liede moat ta in stappeplan om de Friezen oer de takomst fan harren taal neitinke te litten. Jan Koster: ‘Oer sa’n plan sille we yn petear gean mei Ryk en Provinsje sadat dy der yn de kommende jierren mei oan de slach kinne. Ek ús jongerepanel fan Asega’s wolle wy dêr, lykas by ús BFTK-advys, wer in belangrike rol yn spylje litte. Wy fine it dêrom ek hiel moai dat de minister yn har reaksje wiidweidich yngien is op de advizen dy’t Asega’s oan har meijûn ha. Se nimt de jongerein tige serieus.’
Gearhing ûnderwiisfjild
Fierder giet DINGtiid yn it BFTK-advys wiidweidich yn op ûnderwiis. Dy sektor is ommers essinsjeel foar de fitaliteit fan it Frysk. De Provinsje hat mei Taalplan 2030 al in hiel goed stik ark makke om de trochgeande learline foar it Frysk – ‘fan pjut oant promovendus’ – sterker te meitsjen. Koster: ‘Mei de útfiering fan it Taalplan moat perfoarst trochset wurde, dat giet hiel goed. Mar de trochgeande learline wurdt tagelyk ek wer ferswakt, trochdat it foech oer de ûnderwiissektoaren soms by it Ryk, soms by de Provinsje leit. Sa is it dochs lestich om ienheid yn it ûnderwiisbelied oan te bringen, en dat liedt ek wer ta ûndúdlikheid by de Friezen sels oer hoe’t it eins sit mei it Frysk yn it ûnderwiis.’
Dêrom hat DINGtiid Ryk en Provinsje advisearre om de ûnderwiisambysjes foar de lange termyn mei-inoar út te wurkjen yn in aparte Underwiisnotysje Frysk. Yn sa’n mienskiplike notysje kin de boarging fan de trochgeande learline Frysk – mei álle ûnderwiissektoaren deryn meinaam – ta it liedende prinsipe makke wurde, sadat de problematyk oangeande it foech minder sân yn de rieden smite sil. En sa sil bygelyks ek by it spesjaal ûnderwiis, de foarskoalske faze of yn it mbû (sektoaren dêr’t de Provinsje gjin foech hat) it belang fan goed Frysk ûnderwiis makliker tsjinne wurde kinne en hoege dy net oars as it PO en it VO (sektoaren dêr’t de Provinsje wól foech hat) behannele te wurden.
In wichtich sjapiter is it heger ûnderwiis. It kabinet ûnderstreket, terjochte, it belang fan it KNAW-rapport út 2023 oangeande de takomst fan de akademyske frisistyk, en ferbynt ek konsekwinsjes oan de konklúzjes fan de KNAW-kommisje: ‘Sa wurde der út it Ryk en de Provinsje wei middels beskikber steld foar in folweardige, duorsume en tagonklike bacheloroplieding. Jan Koster: ‘Hiel wichtich dêrby is dat de ôfspraken dêroer, sa’t de KNAW advisearret, fêstlein wurde yn in konvenant.’ Ek DINGtiid ûnderskriuwt it belang fan dat rapport foar de takomst fan it Frysk yn it heger ûnderwiis, en folget it proses dat ta dy universitêre bachelor liede moat dan ek mei in soad belangstelling. De ferwachting is dat it konvenant fan ’t maitiid tekene wurde sil.
Rjochtspraak
DINGtiid sjocht dat der yn de rjochtspraak positive ûntwikkelingen geande binne. Wy begripe skoan dat Ryk en Provinsje gjin foech hawwe oangeande beliedsfoarming fan de rjochtbank en it gerjochtshôf, dy’t ommers folslein ûnôfhinklik fan de oerheid operearje kinne moatte. Mar wol hat DINGtiid de BFTK-oerheden advisearre om it goede foarbyld te jaan yn de rjochtsgong dêr’t dat kin. Dat kin sawol yntern (bgl. by klachteprosedueres, by beneamingsbelied, by it OM) as ekstern, bygelyks as Ryk of Provinsje sels partij is yn in juridyske proseduere by de Rjochtbank Noard-Nederlân of it Gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert.
Ryk en Provinsje fine it ek tige wichtich dat prosesdielnimmers dy’t dat wolle gebrûk meitsje kinne fan it Frysk en se sille dat by oerheidsorganisaasjes ûnder de oandacht bringe. Dat is in goede ûntwikkeling. Jan Koster: ‘Mar like wichtich fynt DINGtiid de foarbyldfunksje dy’t de oerheden hawwe: dy soe noch folle sterker útdroegen wurde kinne. Se kinne ommers streekrjocht de posysje fan it Frysk yn de rjochtseal fersterkje troch sels de Fryske taal te brûken yn juridyske prosedueres, en oare partijen dêr ek pro-aktyf ta út te nûgjen.’
DINGtiid mist yn de kabinetsreaksje oars in stânpunt oangeande ús advys om saken dêr’t fan ferwachte wurde mei dat der Fryskpraters yn dielnimme sille, te sintrearjen yn Ljouwert.
Gearfetsjend: wurk te fersetten
De minister is oer it generaal tige posityf oer de advizen dy’t DINGtiid ferline jier jûn hat oangeande de nije BFTK, dy’t rint fan 2024-2028. DINGtiid fynt it fan grut belang dat der heldere langetermyndoelen komme foar it Frysk, dêr’t de Friezen sels ek echt oer meitinke. Jan Koster: ‘De BFTK jout goede hânfetten om de posysje fan it Frysk te fersterkjen. Saak is dêrom dat wy mei-inoar hjoed al oan it wurk gean om de doelen te konkretisearjen en te realisearjen.’
Dokuminten
BZK-minister Judith Uitermark hat de Twadde Keamer skriftlik op de hichte brocht fan de kabinetsreaksje op it advys fan DINGtiid oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal & Kultuer 2024-2028 (BFTK), dy’t yn april 2024 ûndertekene is. Mei út namme fan de ministearjes OCW, J&V en SZW betanket se DINGtiid foar de ‘yngeande analyze en de konstruktive gearwurking’.