Ferslach fan besite Asega’s oan Wales (juny 2024)

" />

Ferslach fan besite Asega’s oan kultuerfestival yn Wales

24/09/2024

Op fersyk en út namme fan DINGtiid ha trije leden fan ús jongereinpanel mei Asega’s yn juny nei Wales west. Dêr ha se meidien oan it jierlikse taalfestival Eisteddfod: in evenemint dat de Welske taal- en kultuer fiert. It festival bringt sûnt 1922 alle jierren tsientûzenen jongeren út hiel Wales byinoar om mei te dwaan oan wedstriden op it mêd fan muzyk, literatuer, dûns en poadiumkeunsten.

It bestjoer fan DINGtiid hat harren frege om, fanút harren perspektyf as jongfolwoeksenen, dêr nei te gean oft de Welske oanpak fan sa’n taalfestival oanknopingspunten of ynspiraasje biedt foar de Fryske situaasje. Dêr ha se nei thúskommen in rapport oer skreaun dat ek guon praktyske advizen befettet.

De trije Asega’s Arjen Bloem, Kyra Rottiné en Welmoed Sjoerdstra hawwe dêr it folgjende ferslach oer skreaun. In ôfskrift dêrfan is oan deputearre Eke Folkerts fan provinsje Fryslân stjoerd.

Ferslach fan besite Asega’s oan Wales (juny 2024)