Frysk of yn it Nederlânsk

 

 

" />

Jierferslach 2023

03/04/2024

Yn dit jierferslach sjocht DINGtiid werom op 2023: in drok jier mei in ferskaat oan aktiviteiten. Neist de rinnende advystrajekten neffens ús Wurkprogramma, krige DINGtiid ek noch trije nije advysoanfragen fan it ministearje fan BZK (as gefolch fan it Twadde Keamerdebat yn desimber 2022 oer it Frysk). 

In oersjoch fan 2023 yn it koart:

  • Advys ‘Frysk yn foarskoalsk ûnderwiis’ (jannewaris 2023)
  • Advysbrief ‘Frysk by ryksútfieringsorganisaasjes yn BFTK 2024-2028’ (febrewaris 2023)
  • DINGtiid-lêzing De Haach oer 25 jier Europeesk Hânfêst (april 2023)
  • Advysbrief ‘Hânfetten Frysk by formaasje Provinsjale Steaten’ (april 2023)
  • Oprjochtsjen jongereinpanel Asega’s (maaie 2023)
  • Advysbrief ‘Frysk as net-kontroversjeel dossier’ (july 2023)
  • Advysbrief ‘Rûnetafelpetear BFTK 2024-2028’ (oktober 2023)
  • DINGtiid-lêzing ‘Taal en rjocht’ (novimber 2023)
  • Stúdzjereis Wales (novimber 2023)
  • Advys ‘Frysk yn Wet internationalisering in balans’ (novimber 2023)
  • Advys ‘Frysk yn it mbû’ (novimber 2023)
  • Advys ‘Ferstevigjen Frysktalige sjoernalistyk’ (trajekt yn 2023, ôfronding yn jannewaris 2024)
  • Advys ‘BFTK 2024-2028’ (trajekt yn 2023, ôfronding yn maart 2024)
  • Advys ‘Lanlike Kommisje Frysk’ (trajekt yn 2023, ôfronding yn 2024)
  • Selsevaluaasje DINGtiid (desimber 2023)

Lês hjir it jierferslach 2023 yn it Frysk of yn it Nederlânsk