learline ûnderbrekke (bgl. foarskoalske opfang, boppebou fû, mbû) en dy’t yn de kommende jierren oplost wurde moatte soenen om dy trochgeande learline te boargjen.
2. Sichtberens
Hoe stean de partijen foar it idee oer dat it Frysk yn alle domeinen – rjocht, bestjoer, ûnderwiis, soarch, media, ekonomysk ferkear, etc. – sichtber en brûkber wêze moatte soe? Sichtberens giet fierder as buordsjes op de baly, it giet ek om taalbelied by oerheidsynstânsjes, it brûken fan it Frysk troch bestjoerders en it stypjen fan ambysjes mei it Frysk yn alle domeinen fan ús mienskip. Faak is dêrfoar in liedende, oantrunende en foarbyldjaande rol foar DS weilein.
3. Takomstperspektyf
Wêr wolle we mei it Frysk stean yn 2050? Der ûntbrekt in grutte line, in ambysje dy’t it fûnemint foarmet ûnder alle oare ôfspraken oer it Frysk dy’t we mei-inoar meitsje. It kommende kolleezje sil de linen útlizze moatte dêr’t Frysk taalbelied foar de lange termyn lâns foarmjûn wurde moat. Dat is in tige lestige mar ek tige moaie opdracht foar it kommende provinsjebestjoer.
Lês hjir de folsleine advysbrief oan formateur Brouwer.
" />Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen is yn april 2023 as formateur úteinset om BBB, Pvda, CDA en ChristenUnie te helpen om te kommen ta in provinsjaal koälysje-akkoart op haadlinen. DINGtiid hat Brouwer in advysbrief stjoerd mei dêryn in oantal hantfetten oer hoe’t Frysk taalbelied in rol spylje kin by it foarmjaan oan in nije provinsjale koälysje.
Yn de rin fan de ôfrûne tsien jier hat DINGtiid fernaam dat beskate grutte linen yn it provinsjale taalbelied wichtich binne foar de langere termyn. Dy linen wurde útlein yn de fiifjierlikse Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), dy’t ek dit jier wer ûntwurpen wurdt, no foar de perioade 2024-2028. De kommende koälysje sil dêr dus in soad mei te krijen ha. De linen yn de BFTK freegje dêrmei om polityk draachflak. Rûchwei binne de folgjende beliedslinen dragend ûnder it taalbelied:
1. Trochgeande learline
Hoe stean de partijen foar it idee oer dat Fryske bern fan pjutteboartersplak oant en mei it heger ûnderwiis de Fryske taal leare kinne moatte soenen, sa’t ek ôfpraat is yn it Europeesk Hânfêst? No binne der noch wichtige obstakels, dy’t dy learline ûnderbrekke (bgl. foarskoalske opfang, boppebou fû, mbû) en dy’t yn de kommende jierren oplost wurde moatte soenen om dy trochgeande learline te boargjen.