Lês hjir de folsleine advysbrief oan Provinsje Fryslân oer stânplak bachelor Frysk (25-02-2025)
Eardere advysbrief oan Provinsje en Ryk oer boarging universitêre frisistyk (06-01-2023)

" />

Advysbrief oan Provinsje Fryslân: ‘Organisearje bachelor Frysk yn Grins, en net yn Ljouwert’

27/02/2025

‘Organisearje de bachelor Frysk yn Grins, en net yn Ljouwert’, dat is ien fan de oanbefellings yn ús advysbrief oan deputearre Eke Folkerts fan Provinsje Fryslân. Yn febrewaris 2025 lei se in advysfraach by DINGtiid del oangeande it stânplak fan de bachelor Frysk fan de Ryksuniversiteit Grins (RUG). Streekrjochte oanlieding foar de deputearre dêrta wie de moasje fan PS, dy’t û.o. wol dat de deputearre ûndersykje lit oft it ferpleatsen fan de learstoel Frysk nei Ljouwert effekt ha sil op it tal studinten. 

De bachelor Frysk sil foar in perioade fan tsien jier stipe wurde troch de Provinsje Fryslân, it Ryk en de RUG, as it aanst naaid wurdt sa’t it no knipt is. De ôfspraken datoangeande wurde belein yn it konvenant, dat op de plenning stiet om yn april 2025 ûndertekene te wurden; tariedende ôfspraken binne makke yn de BFTK 2024- 2028 (par. 2.6 ‘Ofspraken yn it hbû en wû’), dy’t yn april 2024 oangien is troch Ryk en Provinsje. DINGtiid is yn it konvenantproses troch de belutsen partijen in advisearjende rol tatocht.

Ljouwert of Grins?
Yn ús advys oan de deputearre skriuwe wy dat it stânplak fan sa’n kwetsbere universitêre oplieding as Fryske Taal & Kultuer sûnder mis ynfloed hat op de kwaliteit en kwantiteit fan de studinten. Beide binne tige relevant foar de takomst fan de frisistyk, want út dyselde studinten sille úteinlik ek de nije PhD’s, universitêre dosinten en heechleararen komme. En nimmen sil ûntstride dat in sterke en sichtbere frisistyk krúsjaal is foar de takomstige posysje en krêft fan de Fryske taal.

Wat it stânplak oangiet falt neffens DINGtiid it measte te sizzen foar it behâlden fan it stânplak Grins foar de bachelor Frysk. Dat jildt foar de hiele oplieding; om guon stúdzjeûnderdielen dochs yn Ljouwert te organisearjen, sil de sichtberens fan de oplieding ûnderstek dwaan en soargje foar ûndúdlikheid ûnder studinten. En dat sil dus de ynstream net fergrutsje mar krekt lytser meitsje, is ús betinken.

Dêr is de Fakulteit Letteren fêstige, dêr’t de ôfdieling Fryske Taal & Kultuer al sûnt in foech iuw yn bewoartele is. Dêr sitte dus ek de dosinten en PhD’s fan de wichtichste oan de frisistyk besibbe fakgebieten, lykas Germaanske talen, algemiene taalkunde, letterkunde, kultuerstúdzjes, skiednis, dy’t foar de nedige akademyske soerstof en útwikseling soargje. Mar benammen: dêr sitte de studinten fan dy opliedings, by ’t soad. Om’t de ôfdieling Frysk altiten al syn studinten foar it oergrutte part ynhelle hat as byfakkers – (meastal: Fryske) studinten dy’t in oare stúdzje dogge mar yn de frije of minorromte ris snuve wolle oan de frisistyk, en dan hingjen bliuwe foar it folle programma – moat de ôfdieling Frysk dêr wêze dêr’t ek dy mooglike byfakkers binne.

Oanbefellings 

Gearfetsjend docht DINGtiid trije oanbefellings oan Provinsje Fryslân:

  1. Set yn op in stânplak Grins foar alle ûnderdielen fan de bachelor Frysk.
  2. Soargje dat de namme of it label dêr’t de bachelor Frysk aanst mei fierder giet, ynklusyf is en dat it ‘Fryske elemint’ goed sichtber bliuwt.
  3. Stimulearje de oprjochting fan in Ried foar de Frisistyk, mar bring dat ûnder yn de al besteande GFTK, mei as doel om de útstream fan de frisistyk op in nivo te bringen dat oerienkomt mei it ferlet yn it Fryske fjild, sawol maatskiplik as akademysk.

Lês hjir de folsleine advysbrief oan Provinsje Fryslân oer stânplak bachelor Frysk (25-02-2025)
Eardere advysbrief oan Provinsje en Ryk oer boarging universitêre frisistyk (06-01-2023)