Fanwegen de langrinnende kwestje tusken it Iepenbier Ministearje en de rjochtbanktolken hat kêst 9 in leger oardiel krigen yn it sânde rapport. It rjocht om it Frysk te brûken yn ’e rjochtbank moat garandearre en de ynset fan kwalifisearre tolken fersterke wurde, sa advisearret it Komitee fan Ministers. De ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst – sânde rapportaazjesyklus 85 De KomEks ûnderstreket dat de nasjonale oerheid ferantwurdlik is foar ymplemintaasje fan it Hânfêst. Dy ymplemintaasje kin fersterke wurde troch eksplisitere wetjouwing, mei belied en mei finansjele stipe foar de útfiering fan ôfspraken of it boargjen fan inisjativen út Fryslân.
De KomEks riedt it Ryk oan en ratifisearje mear paragrafen fan it Hânfêst oangeande ûnderwiis en media. De KomEks sjocht dêrmei kânsen om inisjativen út de praktyk duorsum te boargjen. It Komitee fan Ministers en de KomEks jouwe in haadoanbefelling om algemiene kennis oer it Frysk en de erkende taalminderheden te ferbetterjen op nasjonaal nivo. Boppedat moatte belanghawwers en fertsjintwurdigers fan ’e Fryske taalmienskip better belutsen wurde by it ûnderhannelingsproses fan ’e BFTK 2024-2028.
Yn it sânde periodike rapport falt it op dat it Ryk gauris foar ynformaasje oer diel III referearret oan diel II. Dat kin negative gefolgen hawwe foar de folsleinens en kwaliteit fan ’e ynformaasjefoarjenning en in kêst soe sadwaande in oardiel fan de KomEks krije kinne dat net mear past by de werklike situaasje.
Rapport ‘Implemintaasje fan it Europeesk Hânfêst (desimber 2023)
Lês hjir de rapporten út 2018 en 2021
Mercator Europeesk Kennissintrum hat yn opdracht fan DINGtiid ûndersyk dien nei de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen yn Nederlân sûnt it ratifisearjen yn 1996. Yn it ûndersyksrapport wurdt de sânde rapportaazjesyklus ferlike mei de foargeande rapportaazjesykly, wurdt der reflektearre wat der feroare is en oft de ynformaasjefoarsjenning foldwaande is foar de KomEks en wurdt der oanjûn hokfoar saken oft der opfalle.
Eftergrûn
Yn 2018 wiene der fiif rapportaazjes beskikber fan de Ried fan Europa (fan 2001 oant 2016), dy’t yn in rapport wiidweidich taljochte en analysearre binne. Yn 2021 is der nei oanlieding fan de sechsde rapportaazjesyklus in update makke foar dat rapport. Nei oanlieding fan de sânde rapportaazjesyklus is dizze twadde update makke yn opdracht fan DINGtiid, oan ’e hân fan de rapporten fan de Nederlânske oerheid (maaie 2021) en de Kommisje fan Eksperts fan de Ried fan Europa en de oanbefelling fan it Komitee fan Ministers (april 2023).
Gearfetsjend
De mearderheid fan alle paragrafen hawwe it oardiel “ferfolle” krigen fan de KomEks. Nettsjinsteande is der op in tal mêden in heger oardiel mooglik. By kêst 8, ûnderwiis, is de measte ferbettering mooglik. Twa kêsten hawwe foar alle paragrafen it oardiel “ferfolle,” nammentlik kêst 12, kulturele aktiviteiten en foarsjennings, en kêst 14, útwikselings oer grinzen hinne.
Nederlân kriget, lykas alle foargeande sykly, it advys fan sawol de KomEks as it Komitee fan Ministers om it Frysk ûnderwiis op alle ûnderwiisnivo’s te ferbetterjen. Kwalitative en kwantitative ferbettering is nedich, fan foarskoalsk oant universitêr ûnderwiis. Boppedat advisearret de KomEks om it Frysk op it mbû te fersterkjen troch it ratifisearjen fan it byhearrende kêst. Op dy wize kin de trochgeande learline ferbettere wurde.