Lês hjir it folsleine (Nederlânsktalige) rapport Governance Frysk taalbeleid (maaie 2017)

" />

Undersyksrapport: Governance Frysk taalbelied

05/05/2017

Hoe sit it krekt mei de (finansjele) relaasje en de ôfspraken om governance hinne tusken Fryske ynstellingen en de provinsje Fryslân? DINGtiid joech BBO opdracht om ûndersyk te dwaan nei wat der oer taalbelied krekt ôfpraat is en hoe’t dat fia ‘produktôfspraken’ tusken provinsje en Fryske ynstellingen konkreet makke is. It ûndersyk is opset as in casusûndersyk bij fjouwer Fryske ynstellingen: Afûk, Cedin, Tryater en It Skriuwersboun.

It taalbelied hat de foarm fan ôfspraken mei útfierende ynstellingen oer de besteging fan saneamde produktsubsydzjes en/of opdrachten foar spesifike projekten. De kar fan ynstellingen dy’t subsydzje krijen en it bepalen fan de omfang fan it subsydzje binne foar in grut part histoarysk bepaald. De subsydzjesystematyk jout de ynstellingen mei dêrtroch reedlik wat wissichheid oer (it trochgean fan) de subsydzjes, en fleksibliteit om, yn oerlis mei de provinsje, (projektmatige) aktiviteiten yn te foljen.

Abstrakte doelen

De (haad)doelen fan de provinsje rûn it taalbelied binne reedlik abstrakt, netkwantitatyf en algemien formulearre. Der liket gjin struktureel plak foar beliedsanalyse, yn termen fan in systematyske en regelmjittige probleemanalyze, en in analyze fan effektiviteit fan beliedsynstrumenten. De probleemanalyze komt “fan ûnderen op”, is inkrementeel en foaral basearre op sinjalen út it wurkfjild. In befining is dat de belutsen partijen dat yn begjinsel in noflike oanpak fine, om’t it in wize fan kontinuïteit jout, yn kombinaasje mei autonomy en fleksibiliteit foar de ynstellingen. Nettsjinsteande dy konstatearring, kin in systematyske oanpak fan út de stappen fan in beliedscyclus, ynklusyf regelmjittige beliedsanalyzes en –evaluaasjes, it taalbelied better ûnderbouwe.

Kontrôle en monitoaring is yn de praktyk foaral finansjeel-administratyf fan aard. (Belieds)ynhâldlike ferantwurding rint no meastentiids fia it amtlik oerlis mei de provinsje. Provinsjale Steaten binnen net of amper direkt belutsen by it belied fan de ynstellingen. It taalbelied komt as ûnderdiel fan it yntegrale belied rûnom kultuer, taal, ûnderwiis en sport oan de oarder.

Amtlik oerlis

Ut de analyze docht oer it algemien in grutte tefredenheid bliken oer hoe’t de stjoering en de relaasje mei de provinsje yn de praktyk wurkje. It amtlik oerlis mei de provinsje is in kearnelement yn dy relaasje en der wurdt posityf oer tocht. Oer it gehiel is de ûnderfining fan de ynstellingen dat der binnen it ramt fan it taalbelied foldwaande fleksibiliteit is om aktiviteiten en projekten te ûntwikkeljen. Tinkber is om – nei foarbyld fan de bekostigingsstruktuur yn de poadiumkeunsten – in grutter ûnderskied te meitsjen tusken subsydzjes foar basisynfrastruktuer en foar de ûntwikkelfunksje. De subsydzje foar basisynfrastruktuer is dan bedoeld foar it yn stân hâlden fan (kennis en ekspertize by) in tal foar it taalbelied wichtige ynstellingen. De ûntwikkelfunksje kin de foarm ha fan in fûns fan wêr’t út innovative projekten en aktiviteiten bekostige wurde. Dit fersterket oan de iene kant de wissichheid foar de basisynfrastruktuerynstellingen, en oan de andere kant makket it mear iepen ynnovaasje mooglik.

 

Lês hjir it folsleine (Nederlânsktalige) rapport Governance Frysk taalbeleid (maaie 2017)