Analyse taalbeleid Frysk

 

Advysdossier ôfsletten

Dit wiidfiemjende advysdossier waard op 22 juny 2022 ôfsletten mei in twadde DINGpetear mei wethâlders fan Taalwetgemeenten. In oersjoch mei ûndersiken, oanbefellingen en konklúzjes binne bondele yn in Managementgearfetting ‘Frysk en de Taalwetgemeenten’.

" />

Undersyk Partoer: algemiene analyze taalbelied Frysk by gemeenten

31/01/2020

Gemeenten yn Fryslân kinne noch folle mear dwaan om de Fryske taal binnen harren eigen organisaasje, mar ek yn harren eksterne kommunikaasje te fergrutsjen, bygelyks troch de Fryske taal kreativer te brûken. Dat blykt út in ûndersyk dat DINGtiid, orgaan foar de Fryske taal, yn oparbeidzjen mei de Afûk útfiere litten hat troch ûndersyksburo Partoer.  

Sûnt it yngean fan de Wet gebrûk Fryske taal (2014) ha de saneamde ‘Taalwetgemeenten’ yn Fryslân (alle Fryske gemeenten útsein It Amelân, Skiermûntseach, Skylge, Flylân en Weststellingwerf) de ferplichting om regels op te stellen oer it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnling ferkear. Dy regels moatte yn alle gefallen bepalingen befetsje rjochte op it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal yn de oangeande gemeente.

Yn 2018 advisearre DINGtiid oer de rol fan it Frysk by gemeentlike weryndielings, en op 12 maart wie der in besletten minysympoasium (DINGpetear) oer de keppeling tusken taalmjittings en taalbelied. De publikaasje fan it ûndersyk fan Partoer is in folgjende stap yn it advysdossier oer it Frysk by de Taalwetgemeenten.

Sintrale ûndersyksfraach

Om ynsjoch te krijen yn de wize wêrop’t gemeenten harren belied ynrjochtsje hat Partoer in nulmjitting útfierd ûnder alle Taalwetgemeenten. It giet hjirby om kwantitative, net om kwalitative gegevens. De sintrale ûndersyksfraach is: “Wat is de ynset fan gemeenten foar de Fryske taal en hoe ferhâldt him dat ta de ambysjes fan de gemeenten?” Foar dit ûndersyk hat Partoer him rjochte op de perioade tusken it yngean fan de Wet gebrûk Fryske taal yn 2014 en maaie 2019.

(By guon gemeenten ha der sûnt nei maaie 2019 beliedsoanpassingen west, dy binne net mear meinaam yn dit ûndersyk).

Analyze

Per gemeente is in tabelleboek opsteld, mei dêryn in beliedsanalyze en in analyze fan de útkomsten út de enkête dy’t eltse gemeente krigen hat. Eltse gemeente krijt it ‘eigen’ tabelleboek meistjoerd en kin dêr mear spesifike ynformaasje yn weromfine en lêze wêr’t noch mooglikheden lizze om it brûken fan it Frysk noch fierder te stimulearjen en te boargjen. Dêrneist in in algemiene analyze opsteld, mei in oantal oanbefellingen (NB: net alle oanbefellingen binne op alle gemeenten fan tapassing).

Oanbefellingen

  1. Fryske dokuminten aktyf oanbiede
    Ynwenners soe altyd dúdlik meidield wurde moatte dat guon dokuminten ek yn it Frysk beskikber binne. Dêrtroch sil der mear gebrûk fan makke wurde.
  2. Taalbewustwêzen meiwurkers fergrutsje
    Foar de measte gemeenten jildt dat de taal fan de ynwenners liedend is by de taal dy’t weromsprutsen wurdt en dat dit op in natuerlike wize ferrint. Dochs is it goed om hjir geregeld omtinken oan te jaan by de meiwurkers en harren eventueel ynstruksjes te jaan. Op dizze wize wurde meiwurkers harsels mear bewust fan taal en fan de ynfloed dy’t taal hat op ynwenners.
  3. Taalbelied opstelle foar gebietsteams
    Neist it wurk fan balymeiwurkers kin it Frysk ek in wichtige rol spylje by it wurk fan kommunikaasje- en gebietsteammeiwurkers en konsulinten. Spesifyk foar de gebietsteams is it wichtich om belied te meitsjen foar it Frysk, om’t se soargje foar de ferbining fan ynwenners, organisaasjes en ferskillende foarmen fan soarch en stipe.
  4. Frysk as funksje-eask
    By fakatueres foar meiwurkers lykas neamd yn oanbefelling 3, soe it goed wêze om yn de fakatuere oandacht te skinken oan de rol fan de Fryske taal.
  5. Omtinken foar Frysk yn eksterne kommunikaasje
    By it opstellen fan parseberjochten, teksten op de webside en op sosjale media soe mear omtinken foar it Frysk wêze kinne. It is faak ôfhinklik fan it ûnderwerp oft der foar Frysk of Nederlânsk keazen wurdt. It Frysk kin dêr in gruttere rol yn krije. Dat makket it boppedat foar ynwenners makliker om yn it Frysk te reagearjen. In berjocht yn in beskate taal, lokt in reaksje yn deselde taal út, blykt ek út ûndersiken.
  6. Gearwurkje mei oare organisaasjes
    In oantal gemeenten sjocht himsels as foarbyld foar oare organisaasjes en gemeenten. Troch sels de Fryske taal te brûken, wolle se oare organisaasjes en gemeenten ynspirearje om dat ek te dwaan. Gean as gemeente yn petear mei bygelyks kultuerorganisaasjes, ûnderwiisynstellingen en wolwêzensorganisaasjes en meitsje harren bewust fan it brûken fan it Frysk. Eksterne organisaasjes kinne ek stimulearre wurde mei bygelyks subsydzje.

Utwreidzje budzjet

Tige wichtich binne beskikbere formaasje en budzjet foar de Fryske taal. De measte gemeenten hawwe mar tusken de 0,05 en 0,1 fte beskikber foar it taalbelied Frysk. Yn dy tiid moatte alle taken dien wurde dy’t yn it beliedsplan stean. It brûken fan it Frysk is boppedat soms oer meardere ôfdielingen ferspraat, mar dat is nearne offisjeel fêstlein. It tal oeren foar Frysk taalbelied soe útwreide wurde moatte – mei in dúdlik belein plak binnen de organisaasje – en it beskikbere budzjet navenant oanpast.

Lês hjir de folsleine (twatalige) analyze:  Analyse taalbeleid Frysk

 

Advysdossier ôfsletten

Dit wiidfiemjende advysdossier waard op 22 juny 2022 ôfsletten mei in twadde DINGpetear mei wethâlders fan Taalwetgemeenten. In oersjoch mei ûndersiken, oanbefellingen en konklúzjes binne bondele yn in Managementgearfetting ‘Frysk en de Taalwetgemeenten’.