It wichtichste doel fan de stúdzjereis wie om ynformaasje op te heljen oer hoe’t meartaligens yn de mienskip libbet en fungearret – mei klam op de ierskoalske faze – en hoe’t dat op polityk en ûnderwiiskundich mêd hannen en fuotten krijt.

Taaleftergrûn
Yn Süd-Tirol wurdt Italjaansk, Dútsk en Ladinysk brûkt en ûnderwiisd. It Ladinysk is ferdield oer trije provinsjes yn Itaalje: Süd-Tirol, Trente en Beluner. Yn Süd-Tirol binne sa’n 20.200 sprekkers fan it Ladinysk. Alle 17 kindergartens binne trijetalich. Yn de grutte stedskearnen wurdt benammen Italjaansk praat.

Besiten
De delegaasje fan DINGtiid brocht besites oan ferskillende ynstânsjes en prate mei fertsjintwurdigers fan:

Oanpak yn Süd-Tirol is dat der fan elts bern in taalprofyl makke wurdt. Der is ekspermintearre mei ferskate taal/ûnderwiiskonstruksjes. Uteinlik wurket foar harren “eine Woche – eine Sprache” it bêste. Fierder leit der in pedagogysk plan foar de wurknimmers. Dy moatte alle trije talen sprekke kinne. Neist 1 wike=1 taal, hat elke taal ek in eigen kleur. It materiaal op skoalle wurdt sa gearstald dat alle trije talen beskikber binne. Foar de ynterne dokumintaasje mei de meiwurkers sels kieze hokker taal se brûke, foar de dokumintaasje nei de âlden wurde alle trije talen brûkt.

Meartaligens by opliedingen
It learen fan ferskillende talen is in belangryk ûnderdiel yn de ferskillende opliedingen. Al yn it ûnderwiis wurde studinten harren bewust fan de meartalige situaasje yn harren regio. Sa is Innsbrück tradisjoneel de universiteit foar Süd-Tirol. U.o. dosinten by in kindergarten dogge in universitêre oplieding (kindergarten en primêr ûnderwiis yn ien) dien. Yn 1997 komt der in meartalige universiteit yn Bozen/Bolzano, om ek Dútsktalige dosinten foar kindergartens te krijen. En by dizze universiteit binne allinne stúdzjes dy’t net yn Innsbrück en Trentino te folgjen binne.

Studinten oan de universiteit fan Bozen/Bolzano (ek byg. ekonomy studinten) moatte alle trije talen folgje, ôfhinklik fan harren eigen achtergrûn meitsje sy in keuze hokker taal harren 1e kar is, en hokker de 2e of 3e. De talen moatte allegear in bepaald nivo ha.

De universiteit fan Innsbruck die yn 2017-2019 ûndersyk nei Kindergartens yn de beide Ladinyske dalen Gröden en Gadertal. Konklúzjes:

Al moat opmurken wurde dat troch de resinte skiednis der ek wol ferskillend tocht wurdt oer talen. Om de 10 jier wurdt yn in sensus frege (mjitten) wat de minsken wolle. Yn 2011 wie de lêste sensus (en folgjende yn oktober 2022).

" />

Stúdzjereis Süd-Tirol (29 maaie o/m 1 juny 2022)

11/07/2022

Fan 29 maaie oant en mei 1 juny 2022 hat DINGtiid in stúdzjereis makke nei Süd-Tirol (Itaalje) yn it ramt fan it advysdossier ‘Frysk yn de foarskoalske faze’. Foar de gelegenheid waard it reisselskip oanfolle mei in eksterne ûndersiker.

It wichtichste doel fan de stúdzjereis wie om ynformaasje op te heljen oer hoe’t meartaligens yn de mienskip libbet en fungearret – mei klam op de ierskoalske faze – en hoe’t dat op polityk en ûnderwiiskundich mêd hannen en fuotten krijt.

Taaleftergrûn
Yn Süd-Tirol wurdt Italjaansk, Dútsk en Ladinysk brûkt en ûnderwiisd. It Ladinysk is ferdield oer trije provinsjes yn Itaalje: Süd-Tirol, Trente en Beluner. Yn Süd-Tirol binne sa’n 20.200 sprekkers fan it Ladinysk. Alle 17 kindergartens binne trijetalich. Yn de grutte stedskearnen wurdt benammen Italjaansk praat.

Besiten
De delegaasje fan DINGtiid brocht besites oan ferskillende ynstânsjes en prate mei fertsjintwurdigers fan:

  • In Kindergarten yn de provinsje Bozen;
  • Dekaan fan de ûnderwiisfakulteit fan de Frije Universiteit fan Brixen/Bressone;
  • Ladin Cultural Institute
  • Lokale basisskoalle
  • Trijetalige berne-opfang

Oanpak yn Süd-Tirol is dat der fan elts bern in taalprofyl makke wurdt. Der is ekspermintearre mei ferskate taal/ûnderwiiskonstruksjes. Uteinlik wurket foar harren “eine Woche – eine Sprache” it bêste. Fierder leit der in pedagogysk plan foar de wurknimmers. Dy moatte alle trije talen sprekke kinne. Neist 1 wike=1 taal, hat elke taal ek in eigen kleur. It materiaal op skoalle wurdt sa gearstald dat alle trije talen beskikber binne. Foar de ynterne dokumintaasje mei de meiwurkers sels kieze hokker taal se brûke, foar de dokumintaasje nei de âlden wurde alle trije talen brûkt.

Meartaligens by opliedingen
It learen fan ferskillende talen is in belangryk ûnderdiel yn de ferskillende opliedingen. Al yn it ûnderwiis wurde studinten harren bewust fan de meartalige situaasje yn harren regio. Sa is Innsbrück tradisjoneel de universiteit foar Süd-Tirol. U.o. dosinten by in kindergarten dogge in universitêre oplieding (kindergarten en primêr ûnderwiis yn ien) dien. Yn 1997 komt der in meartalige universiteit yn Bozen/Bolzano, om ek Dútsktalige dosinten foar kindergartens te krijen. En by dizze universiteit binne allinne stúdzjes dy’t net yn Innsbrück en Trentino te folgjen binne.

Studinten oan de universiteit fan Bozen/Bolzano (ek byg. ekonomy studinten) moatte alle trije talen folgje, ôfhinklik fan harren eigen achtergrûn meitsje sy in keuze hokker taal harren 1e kar is, en hokker de 2e of 3e. De talen moatte allegear in bepaald nivo ha.

De universiteit fan Innsbruck die yn 2017-2019 ûndersyk nei Kindergartens yn de beide Ladinyske dalen Gröden en Gadertal. Konklúzjes:

  • It betiid learen fan talen giet net ten koste fan de earste taal – tsjinoersteld, dy earste taal wurdt fersterke;
  • Troch de oanwêzigens fan in natuerlike meartaligheid leare de bern in soad fan inoar (ymplisyt learen);
  • In wurdearjende hâlding fan it pedagogyske personiel foar meartaligens is fan grutte betsjutting foar it slagjen fan dizze oanpak;
  • Bern mei meardere talen binne net oerbelêste, as der mar spesifike prestaasjedoelen steld wurde;
  • De taalûntwikkeling fan bern ferrint net lineair en ek individuele bern kinne in ferskillende ûntwikkeling ha.