(Lês hjir it brief yn PDF)
“Ljouwert, 28 juny 2019
Achte deputearre Poepjes,
Graach freegje ik jo omtinken foar it folgjende: DINGtiid is oer de ôfrûne moannen op meardere stuiten ynformearre oer de nuodlike sitewaasje oangeande it ûntwikkeltrajekt fan de kearndoelen Frysk. De provinsje Fryslân, ûnder waans ferantwurdlikheid dit proses him ôfspilet, hat it trajekt tydlik stopset op 1 april 2019. De situaasje fan ynaktiviteit hâldt noch altiten oan, der wurdt sûnt net mear wurke oan it einadvys foar de nije kearndoelen Frysk, sa hat DINGtiid begrepen.
Dêrmei komt it proses yn Fryslân om ta nije kearndoelen Frysk te kommen fierder efterop te rinnen by it lanlike proses. Wat letter it advys foar de Fryske kearndoelen ree is, wat dreger it wurdt om yn de ferfolchfaze gearhing mei de oare kearndoelen te realisearjen. Boppedat is de kâns net lyts dat de leden fan it Untwikkelteam nei de simmer net mear beskikber binne, om’t de formaasjeplannen foar de skoallen foar it jier 2019/2020 definityf makke wurde – of al binne – en de leden dus mooglik gjin ekstra tiid mear krije foar dizze aktiviteit.
Buro kurrikulum.frl, dat de ûntwikkeling fan de kearndoelen foar de provinsje útfiert, hat yn de rin fan it skoft sûnt 1 april syn noed ferskate kearen by DINGtiid kenber makke dat it proses om de kearndoelen Frysk parallel ferrinne te litten mei it Nederlânske trajekt, loslitten wurde moatte sil. Dat betsjut nei alle gedachten skea yn de ymplemintaasjefaze, om’t it Frysk dan faaks net meinaam wurde kinne sil by de lansearring fan de lanlike kearndoelen fan de oare fakken.
Yn it skoft oktober/novimber 2019 wurdt lanlik in advys útbrocht foar de nije kearndoelen. Dêrnei start in ferfolchfaze om op basis fan it advys ta nije kearndoelen te kommen. Wy tidigje derop dat de provinsje Fryslân alle war docht om te soargjen dat it proses fan fêststellen fan de kearndoelen Frysk gjin fierdere skea oprint troch fertraging en dat it advys foar de Fryske kearndoelen yntiids ree is om yn de ferfolchfaze fan ’t neijier parallel mei de lanlike kearndoelen oprinne te kinnen. Allinnich sa kin it belang fan it Frysk heechholden wurde yn it lanlike kurrikulumtrajekt.
Mei heegachtinge,
Freddy Weima (bestjoerslid, Kennis & Underwiis)
Deputearre Steaten hawwe tiisdei 5 novimber 2019 praat oer de situaasje fan de kearndoelen Frysk yn it ûnderwiis. Foarige wike skreaunen Fryske nijsmedia oer it stillizzen dêrfan. DINGtiid hat provinsje Fryslân op 28 juny dit jier al wiisd op de nuodlike situaasje by Kurrikulum.frl: