Simmercolumn Jitske de Hoop: “Jalgi hadi mundura”

07/07/2026

“Jalgi hadi mundura” sizze se yn Baskelân: “Gean de wrâld yn’. Dy wurden hearden wy begjin juny doe’t wy mei DINGtiid yn it ramt fan ús advystrajekt ‘Fryske literatuer’ op wurkbesite wienen yn Baskelân. Dêr fine se dat Baskyske literatuer net allinnich beskikber wêze moat foar minsken dy’t de taal lêze en fersteane. Mei goede oersettingen yn oare talen moatte ek minsken yn oare lannen genietsje kinne fan de produksjes fan Baskyske makkers.

Gean de wrâld yn. Yn de Fryske literatuerbeweging is dy ynternasjonale oriëntaasje ek net ûnbekend. Douwe Kalma rjochte yn it begjin fan de 20ste iuw de Jongfryske Mienskip op en stelde yn syn rede ‘Fryslân en de wrâld’ dat de Fryske literatuer de wrâld yn holpen wurde moast.

De Fryske literatuer yn de 21ste iuw is ek yn beweging. Letterlik, mei bygelyks de debutroman ‘Geller’ fan Gabrielle Terpstra dy’t de wrâld al yngie fia it Letterefûns. En figuerlik, want der bart fan alles yn it Fryske literêre fjild. Lokkich mar, want dat betsjut dat literatuer libbet. Dat is ek de reden dat de Provinsje Fryslân it belied op it mêd fan de Frysktalige literatuer graach trochûntwikkelje wol. De Provinsje hat dêrom yn de mande mei it Letterefûns in advysfersyk by ús dellein. Sy ha ús frege om te praten mei it literêre fjild en oplossingsrjochtingen oan te dragen oer hoe’t de besteande literêre subsydzjeregelingen fan de Provinsje Fryslân en it Letterefûns better oanslute kinne op elkoar en op it ferlet en de ûntwikkelingen yn it literêre fjild. It earste part fan it advys wurdt nei de simmer oplevere. Nei de simmerfakânsje sille wy oan de slach mei it twadde diel fan ús advystrajekt.

Ut namme fan DINGtiid winskje ik jimme earst in hearlike simmer ta! Ferjit foaral net te genietsjen fan wat de Fryske literatuer yn al syn foarmen yn petto hat: poëzij, berneboeken of miskien wol in yndrukwekkend iepenloftspul. “Jalgi hadi mundara’, oft dat dizze simmer no yn Fryslân is of yn fiere oarden!

Jitske de Hoop
bestjoerder DINGtiid