Lêzing mr. Z.J. Oosting

DINGtiid-bestjoerder Annalies Outhuijse oer duorsum boargjen fan it Frysk
Dr. Annalies Outhuijse (bestjoerder fan DINGtiid en bestjoersrjochtlik advokaat by Stibbe yn Amsterdam) joech har fyzje op hoe’t it brûken fan it Frysk de kwaliteit fan de rjochtspraak krekt befoarderje kin. Hoe soe it brûken fan it Frysk yn de rjochtsproseduere duorsum boarge wurde moatte?

Lêzing Annalies Outhuijse (Frysk)

Fideoregistraasje
Besjoch hjir de fideoregistraasje fan de DINGtiid-lêzing.

Media oer DINGtiid-lêzing

Earder hjiroer:

" />

Sfearympresje DINGtiid-lêzing 2023 ‘Taal en rjocht: de positive ympakt fan Frysk op de rjochtspraak’

04/11/2023

Op sneon 4 novimber 2023 organisearre DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, in lêzing oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtspraak. De lêzing fûn plak yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert. Op dizze side binne de lêzings fan de sprekkers werom te finen en kin de livestream noch in moanne besjoen wurde. Ynkoarten sille foto’s publisearre wurde.

It Frysk yn de rjochtspraak liket op papier regele, mar yn de praktyk blike alle partijen der mei te wrakseljen om’t net eltsenien yn it rjochtsproses de Fryske taal machtich is. Wat is der nedich om it Frysk yn de rjochtspraak duorsum te boargjen?

Gerjochtshôfpresidint Jonneke Oosting oer de prosedurele rjochtfeardigens fan Frysk prate op sitting
Mr. Z.J. Oosting (presidint fan it Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert) bespruts de dilemma’s rûn it Frysk praten ûnder in sitting. Wat as oare prosesdielnimmers it Frysk net of matich behearskje? Alle partijen moatte nei-inoar lústerje kinne en inoars belangen begripe.