Lês hjir de oanbiedingsbrief by de selsevaluaasje fan DINGtiid oan BZK 

Lês hjir de selsevaluaasje 2014-2018

Lês hjir de keamerbrief fan minister Knops (BZK) oan de Twadde Keamer

 

" />

Selsevaluaasje DINGtiid 2014-2018

05/10/2019

DINGtiid hat Bureau Bloei! & Frijman yn 2019 frege te stypjen by de selsevaluaasje oer de perioade 2014-2018. Ut de evaluaasje komt nei foaren dat DINGtiid yn de earste fjouwer jier sûnt syn oprjochting syn posysje aardich fûn hat.Dochs moat der yn de takomst oan in oantal saken wurke wurde.

Foar de takomst fan DINGtiid is it wichtich dat der in sûne balâns fûn wurdt tusken it better oansluten by bestjoerlike prosessen (benammen by de provinsje Fryslân en it ministearje fan BZK) en it behâlden fan kreativiteit en ûndernimmerskip. Ek fan belang is it lykwicht tusken de ûnôfhinklike advysrol en de oansluting by de amtlike syklus fan de belangrykste partners. Sa sil de effektiviteit fan de advizen tanimme. DINGtiid slacht goed acht op de oanbefellings en giet dermei oan de gong. De selsevaluaasje is begjin oktober 2019 oanbean oan minister Ollongren fan BZK.

Lês hjir de oanbiedingsbrief by de selsevaluaasje fan DINGtiid oan BZK 

Lês hjir de selsevaluaasje 2014-2018

Lês hjir de keamerbrief fan minister Knops (BZK) oan de Twadde Keamer