Selsevaluaasje DINGtiid 2019-2023

" />

Selsevaluaasje 2019-2023

23/04/2024

Hoe sjogge DINGtiid en stakeholders werom op de perioade 2019-2023 en op hokker fronten kinne wy as advysorgaan de kommende jierren fierder groeie? Dy fragen binne troch DINGtiid dellein by Buro Noorderlingen.

Twa konsultants hawwe dêroer petearen fierd mei bestjoer en stêf fan DINGtiid. Dêrneist is sprutsen mei inkelde âld-bestjoerders fan DINGtiid, de âld-deputearre Frysk, belutsen amtners fan Provinsje Fryslân en it ministearje fan BZK en it steatekomitee Frysk.

Byld fan de organisaasje
Oer de perioade 2019-2023 kin steld wurde dat DINGtiid as advysorgaan better yn byld kaam is. Sawol yn it fjild en de media as yn polityk Fryslân en Den Haach. DINGtiid hat him neist syn advysrol ek mear profilearre as in fasilitearjende netwurkorganisaasje. De ferbinende faktor tusken polityk belied en útfierend wurkfjild wurdt dêrby as noflik ûnderfûn. Ek it oprjochsjen fan in jongereinpanel en it organisearjen fan de jierlikse DINGtiid-lêzing wurdt as tige weardefol beskôge. Ek de klam op it foarmjen fan in langetermynfzyje foar it Frysk wurdt as positive ûntwikkeling neamd.

Punt fan omtinken is om foar, tidens en nei it útbringen fan advizen en it hâlden fan ynspirearjende byienkomsten om de finger oan de pols te hâlden en it ferfolch fan trajekten noch better te boargjen. It is dêrby winsklik om ek eksterne partijen te belûken en boppedat yn advysprosessen noch mear rekken te hâlden mei de politike sensitiviteit fan it oan ‘e oarder bringen fan guon tema’s, mei dêrby fokus op ympakt fan rol en posysje.

Selsevaluaasje DINGtiid 2019-2023