Lês hjir ús brief oan it ministearje fan BZK (Frysk- en Nederlânsktalich)

Lês hjir it folsleine (definitive) ûndersykrapport yn it Frysk (2021)
Lês hjir it folsleine (definitive) ûndersykrapport yn it Nederlânsk (2021)

Lês hjir it Frysktalige ûndersyksrapport (2018, mei gearfettings yn it Nederlânsk en Ingelsk)

 

" />

Reaksje konseptrapportaazje Europeesk Hânfêst oan (demisjonêr) minister BZK

07/04/2021

Op fersyk fan it Ryk, en yn goed oerlis mei amtners fan it Ryk en de Provinsje Fryslân, hat DINGtiid de konseptrapportaazje fan it Ryk oangeande de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (hjirnei: Hânfêst) oer it skoft july 2019 – maart 2021, lykas oanlevere begjin maart 2021 (mei oanfollings op 31 maart), bestudearre. DINGtiid is dêrby fersocht om te beoardieljen oft ynformaasje ûntbrekt, oft de rapportaazje feitlike ûnkrektheden befettet en oft der relevante oanfollings fanút DINGtiid-aktiviteiten te melden binne.

Yn syn algemienheid jildt dat DINGtiid de rapportaazje wurdearret om syn folsleinens en syn hege mjitte fan feitlike korrektheid. Der is tige goed wurk levere yn de amtlike tarieding fan it stik.

Tagelyk mei dy wurdearring docht DINGtiid yn in brief oan minister Ollongren fan Ynlânske Saken (BZK) guon suggestjes. Foar de effektiviteit fan de rapportaazje, dy’t ornearre is om de Ried fan Europa sa goed mooglik te ynformearjen oer de fuortgong fan de ymplemintaasje fan it Hânfêst, fertsjinnet it neffens ús oanrikkemandaasje om:

  • oeral dêr’t dat kin yn de fuotnoaten te ferwizen nei offisjele stikken;
  • dêrby berjochten yn de media net as sadanich te beskôgjen;
  • oeral dêr’t dat kin yn detail wer te jaan hokker partijen oft by projekten en inisjativen behelle binne;
  • dêrby altiten ynsichtlik te meitsjen wat de krekte rol is fan de ryks- en/of provinsjale oerheid;
  • oeral dêr’t dat relevant is goed en konsistint dúdlik te meitsjen hokker ûntjouwings en/of ôfspraken oft jilde foar it primêr ûnderwiis (PU) en hokker foar it fuortset ûnderwiis (FU), om’t dat maklik ta ferkearde ynterpretaasjes liedt;
  • de taalbehearskingssifers wiidweidiger wer te jaan en djipdollender te tsjutten, bygelyks troch de mearjierrige trend fan de ôfrûne 15 jier ynsichtlik te meitsjen; dêr kin en wol de Fryske Akademy, as ít ûndersyksynstitút fan de Fryske taal, grif goede tsjinsten by bewize.

Nijsgjirrich nei ús folsleine reaksje oan demissionêr minister Ollongren?
Lês hjir ús brief oan it ministearje fan BZK (Frysk- en Nederlânsktalich)

Lês hjir it folsleine (definitive) ûndersykrapport yn it Frysk (2021)
Lês hjir it folsleine (definitive) ûndersykrapport yn it Nederlânsk (2021)

Lês hjir it Frysktalige ûndersyksrapport (2018, mei gearfettings yn it Nederlânsk en Ingelsk)