Parseberjocht ûnderwiisadvysrapport DINGtiid

 

30 jannewaris 2017, Ljouwert

" />

Presintaasje ûnderwiisadvysrapport

30/01/2017

Taaladvysorgaan DINGtiid hat him it ôfrûne jier ferdjippe yn de stân fan saken fan it Frysk yn it ûnderwiis op de ferskate learnivo’s, sawol as fak as ynstruksjetaal. Wy hawwe profesjonals út it ûnderwiisfjild frege hoe’t it der yn de praktyk foar stiet. Fierder is frege wêr’t ferlet fan is en hoe’t dat te realisearjen is. DINGtiid hat op basis fan dy ynbring it advysrapport ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’ opsteld. In helder advys, mei oanbefellings foar it Frysk yn it ûnderwiis op sawol de koarte as de lange termyn, dat oanslút by sawol provinsjale, lanlike as ynternasjonale ûntwikkelings.

DINGtiid presintearret dit advysrapport op freed 3 febrewaris 2017 om 11.00 oere oan deputearre Sietske Poepjes op it CSG Liudger yn Burgum.

Lês it folsleine parseberjocht yn ûndersteande bylage:

Parseberjocht ûnderwiisadvysrapport DINGtiid

 

30 jannewaris 2017, Ljouwert