Foto: Tryntsje Nauta
De Hoop wurket sûnt 2008 by Omrop Fryslân. Earst as ferslachjouwer, dêrnei as adviseur Marketing en Kommunikaasje en de lêste twa jier as beliedsadviseur Fryske taal en kultuer. Dêrnjonken folget se op it stuit it opliedingstrajekt Afûk Lesjouwer by NHL Stenden. Fierder is se bestjoersfoarsitter fan de Stichting Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân en wurket se as selsstannige op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.
Passy foar taal
“Ik haw altyd al in passy hân foar taal. Doe’t ik jong wie lies ik al alles wat los en fêst siet. Sels mei ik ek graach skriuwe. Lêze en skriuwe doch ik yn ferskate talen. Ik haw der yn myn oplieding en wurk ek altyd mei dwaande west. Kinst dus wol sizze dat taal echt myn ‘DING’ is.” Foar stúdzje en wurk wenne De Hoop lange tiid bûten Fryslân. “Doe ûntduts ik hoe wichtich myn memmetaal foar my is en hoe bysûnder it is dat wy dy taal hawwe. Yn de Rânestêd fûnen minsken myn namme sa prachtich en as ik mei heit en mem belle, dan woene se graach meiharkje.”
De Hoop wol graach bydrage oan it behâld en it útdragen fan de Fryske taal. “Ast sjochst nei hoe wichtich taal en kultuer binne foar minsken en harren identiteit, dan binne der noch in soad stappen te setten.” Sa lizze der neffens De Hoop genôch útdagings foar it Frysk. “Net allinnich om it brûken fan it Frysk te befoarderjen, mar ek op it mêd fan ûnderwiis, bewustwurding en in positive taalhâlding. Fierder biedt it ynsetten op digitale transformaasje, mei nije digitale helpmiddelen en ynnovaasjes foar it Frysk yn myn betinken grutte kânsen.”
Stip op de hoarizon
Gearwurking mei oare spilers yn it Fryske fjild fynt De Hoop belangryk. “Fryslân kin der noch folle mear úthelje as de krêften fierder bondele wurde en der mienskiplik langetermyn doelen steld wurde. In stip op de hoarizon is belangryk en ynspirearjend.”
De Hoop neamt harsels in sosjale ferbiner. “Ferbining makket sterker en dat wol ik graach stimulearje. Dêrby fyn ik it belangryk om ynwenners fan Fryslân te belûken, fan memmetaalsprekkers oant nijkommers en fan âld oant jong. Dêrom is it ek sa moai dat DINGtiid jonge Asega’s hat, dy’t meitinke oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer.”
" />Jitske de Hoop (Dokkum, 1971) is troch de minister fan Ynlânske Saken beneamd ta nije bestjoerder fan DINGtiid. Se krijt de portefûlje Fryske taal en kultuer yn hannen.
De beneaming giet yn mei weromwurkjende krêft fan 1 maart 2023 ôf. Foarsitter Jan Koster en bestjoerder Hedzer Klarenbeek fan DINGtiid binne fan 1 juny 2023 ôf werbeneamd foar in perioade fan fjouwer jier.