Ministerried beneamt nije bestjoersleden advysorgaan DINGtiid

13/06/2019

De ministerried beneamt Jan Koster mei yngong fan 1 juny 2019 as foarsitter fan it advysorgaan DINGtiid. Jan Koster wie oant begjin 2018 direkteur fan Omrop Fryslân. Ek Hedzer Klarenbeek is beneamd ta nij bestjoerslid fan it advysorgaan DINGtiid. Klarenbeek wurke by de jeugd- en sedeplysje fan Politie Fryslân en wie wurdfierder fan it kolleezje fan B&W fan de gemeente Ljouwert. 

It advysorgaan DINGtiid is mei yngong fan 1 jannewaris 2014 yn it libben roppen. DINGtiid hat as taak om de lykweardige posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen. It advysorgaan advisearret ûnder oare it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Deputearre Staten fan de provinsje Fryslân oer it Fryske taalbelied.

Nei dizze beneaming bestiet it bestjoer fan DINGtiid út de dizze fiif leden:

  • Jan Koster (foarsitter)
  • Hedzer Klarenbeek
  • Hanny Elzinga
  • Bianca Pander
  • Freddy Weima

De ministerried hat Jan Koster en Hedzer Klarenbeek foar in perioade fan fjouwer jier beneamd. Tytsy Willemsma, wethâlder fan gemeente Tytsjerksteradiel, nimt nei dizze beneaming ôfskied fan it advysorgaan. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 naam ek Klaas Sietse Spoelstra yn ferbân mei it ôfrinnen fan syn bestjoerstermyn al ôfskied fan DINGtiid.