DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, sjocht werom op in aktyf 2021, ek al soarge de koroanapandemy derfoar dat plannen net altyd útfierd waarden lykas pland. DINGtiid hat mei belanghawwers fan it Frysk yn petear west om sa advys út te bringen of ynput te jaan.
Yn haadlinen joech DINGtiid advys en ynput oangeande:
Yn 2021 hat DINGtiid yn oerlis mei Ryk en provinsje Fryslân it Wurkprogramma 2022-2023 gearstald. Bepaald is dat DINGtiid om ’e twa jier in wurkprogramma foarleit oan de minister, en yn oanrin nei it lêste jier fan sa’n twajierrige perioade in update jout. DINGtiid rjochtet him yn it nije Wurkprogramma op de BFTK 2024-2028, de universitêre frisistyk, it Frysk yn de foarskoalske faze, de media en de Fryske taal, en Frysk yn it rjochtsferkear. Foar guon dossiers út it nije Wurkprogramma hat DINGtiid yn 2021 al earste stappen set.
Lês hjir ús jierferslach: