Jierferslach 2014

23/04/2015

De leden fan DINGtiid hawwe it earste healjier fan 2014 de tiid nommen om betsjutting te jaan oan de rol en posysje fan DINGtiid. Wat is dy rol en hoe kinne we dêr ynhâld oan jaan? Wêr rinne we dan tsjin oan? Wat wolle we útstrielje? Dêr gienen de diskusjes binnen DINGtiid oer. Stadichoan waard it byld dúdliker. De petearen dy’t DINGtiid mei in ferskaat oan organisaasjes fierd hat, hawwe tige holpen yn dat proses. Yn syn earste DING op 18 septimber 2014, by sylskoalle Annage yn Earnewâld, hat DINGtiid himsels presintearre en ferteld wat minsken wol en net ferwachtsje kinne.

Iepenje it jierferslach