Lês hjir it folsleine jierferslach 2018

" />

Frysk yn 2030: net samar fan ’e flier op ’e souder

05/04/2019

DINGtiid, it orgaan foar de Fryske taal, sjocht mei in goed gefoel werom op in warber 2018. In hichtepunt foarich jier wie it advisearjen oangeande de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal & kultuer (BFTK) 2019-2023. DINGtiid hat wurdearring foar de langetermynambysjes foar it Frysk yn de nije BFTK, mar wiist wol op it belang fan in goede wei dêrneita. Dêrneist hat DINGtiid yn 2018 syn soargen utere oer de hege rapportaazjedruk by de Ried fan Europa en de nuodlike situaasje by de Fryske Akademy.

Bestjoersôfspraak fokust op langetermynambysje

De kearntaak fan DINGtiid is it advisearjen fan sawol Ryk as provinsje oer de posysje en lykberjochtiging fan it Frysk. Yn 2018 hat DINGtiid Ryk en provinsje advisearre oer de nije BFTK. Minister Ollongren fan BZK kaam op 30 novimber 2018 nei Fryslân ta om mei kommissaris fan de Kening Brok en deputearre Poepjes de nije BFTK te ûndertekenjen. Yn dy BFTK binne de ambysjes útsprutsen foar de posysje fan it Frysk yn 2030. DINGtiid hat wurdearring foar dy ambysjes, om’t mei it jier 2030 in konkreet koerspunt steld wurdt. Dy kinne neffens DINGtiid lykwols allinne helle wurde as Ryk en provinsje goed stjoer hâlde op de doelen dy’t yn de BFTK opnaam binne. Ek is it neffens DINGtiid wichtich om mei it fjild yn petear te bliuwen.

Minister Ollongren dielt soargen oer rapportaazjedruk

DINGtiid hat yn 2018 twa ûndersiken nei de posysje fan it Frysk ôfrûne. Foar dy ûndersiken is yn 2017 opdracht jûn oan it Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. It earste ûndersyk wie nei oanlieding fan de advysfraach fan de provinsje: bestiet by gemeentlike weryndielings foldwaande omtinken foar it Frysk? Derby is neigien hokker rol oft de Fryske taal spilet yn fjouwer gemeentlike fúzjeprosessen. Konkludearre wurdt dat Frysk taalbelied yn trochsneed earder swakker as sterker wurdt by gemeentlike weryndielings. Deputearre Poepjes naam it rapport 18 oktober 2018 yn ûntfangst.

It twadde ûndersyk wie nei oanlieding fan in advysfraach fan de provinsje: hokker lessen kinne leard wurde út de fiif rapportaazjesykly dy’t sûnt 1996 west ha yn it ramt fan it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen? Ien fan de konklúzjes út dat rapport is dat it Ryk mei de Ried fan Europa ta in effisjintere wize fan rapportearjen komme moatte soe. DINGtiid hat syn soargen utere by minister Ollongren. Yn in skriftlike reaksje hat sy witten litten dizze soargen te dielen. Minister Ollongren riedt DINGtiid oan om de Ried fan Europa dêroer te ynformearjen.

Fokus 2019: advysrapport oer kennisynfrastruktuer Fryske taal

DINGtiid hat ein 2018 oan ûndersyksburo Partoer de opdracht ferliend om in nulmjitting oangeande de ynset foar it Frysk by gemeenten út te fieren, as ferfolchûndersyk nei it Frysk by gemeentlike weryndielings. De resultaten fan dat ûndersyk sille yn 2019 klear wêze. Fierder is DINGtiid úteinset mei in ‘case study’ nei it brûken fan it Frysk by non-kulturele beliedsorganen dy’t liearre binne oan it Ryk en Fryslân ta harren wurkgebiet rekkenje.

As reaksje op de nije BFTK hat DINGtiid ek syn soargen utere oer de kennisynfrastrukter fan it Frysk. Nei oanlieding fan de problemen by de Fryske Akademy en de ûnwissens oangeande de finansiering fan de oplieding Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins, freget DINGtiid omtinken foar de ynrjochting fan de kennisynfrastruktuer om de Fryske taal hinne. Spesifyk dêroer sil DINGtiid in advys tariede.

 

Lês hjir it folsleine jierferslach 2018