Frysk yn tsjerke

Ferfele docht Riemersma him net sûnt syn pinsjoen. Sûnt 2018 is er foarsitter fan de Stifting Nijkleaster yn Jorwert. “Fan dêrút stypje ik sûnt 2020 de Wurkgroep Tsjerketsjinsten Fryslân, dy’t yn koroanatiid op sneintemoarn op Omrop Fryslân in tsjerketsjinst organisearret. It protestantske pioniersplak Nijkleaster bestiet sûnt 2009 en hat in eukûmenyske opset dy’t útdruklik it Frysk brûkt yn de spirituele ûntwikkeling. Dêrmei is Nijkleaster as beweging bewoartele yn de Fryske taalmienskip en makket dat in letterlik oansprekkend ikoan út yn it kultuerlânskip.”

Riemersma fynt it altyd wer spannend om mei in ferskaat oan minsken te ûnderfinen hoe’t de taal fan it hert bydraacht oan de frijheid fan it leauwe. “It bewust brûken fan it Frysk en as it sa útkomt oare talen fan Fryslân meitsje dat dy tsjinsten al hiel gau as ‘fan ús allegearre’ beskôge binne. It is foar my in freugde om in stimulearjende rol te hawwen by dit ekspearimint, dat ynyk is yn Nederlân, miskien wol yn Europa”.

" />

Frisist Alex Riemersma beneamd as nij bestjoerder DINGtiid

07/02/2022

DINGtiid orgaan foar de Fryske taal is der tige wiis mei dat Alex Riemersma (Harns, 1953 ) fan 1 jannewaris 2022 ôf oansteld is as nij bestjoerslid. Riemersma nimt it stokje oer fan Freddy Weima, dy’t fan 2014 oant en 2021 as ûnderwiisekspert oan DINGtiid ferbûn wie.

Alex Riemersma hat him syn hiele wurkbere libben ynset foar de Fryske taal en meartaligens. Fan 2010 oant 2019 wie hy lektor Frysk en Meartaligens oan NHL Stenden hegeskoalle yn Ljouwert. Sûnt twa jier is er mei pensjoen. “DINGtiid mei fan my ferwachtsje dat ik relevante kennis en ûnderfining bydraach oangeande it Frysk. Ik bin bot rjocht op de trochgeande learline fan it Frysk yn it ûnderwiis: fan pjutten nei de basisskoalle en fan de basisskoalle nei it fuortset ûnderwiis. Dat wie yn myn tiid (en is no noch altyd) in tema yn it lektoraat Frysk en Meartaligens.” Riemersma levere in belangrike bydrage oan it ûnderwiisadvysrapport ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’ dat DINGtiid yn 2017 publisearre.

Regionale en minderheidstalen

Neist it oplieden fan leararen Frysk, hat Riemersma warber west as skriuwer fan it Berie foar it Frysk en as siktaris fan it Konsultatyf Orgaan foar it Europeesk Hânfest. “De ynternasjonale kennis en oriïntaasje op it mêd fan de regionale en minderheidstalen haw ik opdien en brûkt yn de jierren fan it Europeeske Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) en it Mercator Kennissintrum by de Fryske Akademy.”