DINGtiid-lêzing fan 2022 analysearre hy de takomstbestindigens fan it Europeesk Hânfêst, en die er it foarstel om ta in Lokaal Hânfêst te kommen. Yn Den Haach sil hy syn fyzje jaan op hoe’t oerheden yn Fryslân mei de ynwenners ta sa’n hânfêst komme kinne om de ambysjes fan de Fryske taal en kultuer fêst te lizzen. Dat tinkproses kin boppedat tsjinje as foarbyld foar oare erkende talen fan it Europeesk Hânfêst.

Programma
De DINGtiid-lêzing fynt plak op tongersdei 13 april 2023 yn The Hague Conference Centre – New Babylon (Anna van Buerenplein 29, Den Haach). Om 15.00 oere sette wy útein mei kofje en tee. Om 17.00 oere slute wy ôf mei in drankje en flaubyt.

Oanmelde
Wy sjogge jo oanmelding graach foar tongersdei 6 april 2023 yn ‘e mjitte fia ús online oanmeldformulier.

Shutterstock

" />

DINGtiid-lêzing Den Haach ‘It takes two to tango – Lear ús dûnsjen’

17/03/2023

It Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden is 25 jier yn wurking. Is dat driuwsân of in dûnsflier? Dy fraach stie sintraal op de DINGtiid-lêzing fan 2022. Konklúzje: der kin seker dûnse wurde, mar ‘it takes two to tango’.

DINGtiid nûget jo út foar de DINGtiid-lêzing ‘It takes two to tango – Lear ús dûnsjen’ op 13 april 2023 yn Den Haach. Tiny Kox en Heinrich Winter nimme jo graach mei de dûnsflier op.

Parlemintsfoarsitter Tiny Kox oer it Europeesk Hânfest
Limboarcher Tiny Kox (parlemintsfoarsitter fan de Ried fan Europa en lid fan de Earste Keamer foar de SP) sil fanút syn ûnderfining fertelle oer 25 jier Europeesk Hânfêst. Wat is der berikt, en hoe kinne de oanbefellings fan de Ried fan Europa noch effektiver omset wurde yn wetjouwing en belied foar it Frysk, Nedersaksysk, Limboarchs, Jiddysk, Romani, Papiamintsk en Nederlânske gebeartetaal?

Bestjoerskundige Heinrich Winter oer de tapassing fan in Lokaal Hânfêst
Heinrich Winter is heechlearaar bestjoerskunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Op de DINGtiid-lêzing fan 2022 analysearre hy de takomstbestindigens fan it Europeesk Hânfêst, en die er it foarstel om ta in Lokaal Hânfêst te kommen. Yn Den Haach sil hy syn fyzje jaan op hoe’t oerheden yn Fryslân mei de ynwenners ta sa’n hânfêst komme kinne om de ambysjes fan de Fryske taal en kultuer fêst te lizzen. Dat tinkproses kin boppedat tsjinje as foarbyld foar oare erkende talen fan it Europeesk Hânfêst.

Programma
De DINGtiid-lêzing fynt plak op tongersdei 13 april 2023 yn The Hague Conference Centre – New Babylon (Anna van Buerenplein 29, Den Haach). Om 15.00 oere sette wy útein mei kofje en tee. Om 17.00 oere slute wy ôf mei in drankje en flaubyt.

Oanmelde
Wy sjogge jo oanmelding graach foar tongersdei 6 april 2023 yn ‘e mjitte fia ús online oanmeldformulier.

Shutterstock