Rapport Taalplan Frysk, en dy reaksjes yn in breed fermidden fan ûnderwiisprofesjonals te besprekken. De ynstek dêrfan wie om no, yn de earste faze, it útfierende team fan Rapport Taalplan Frysk ynput te jaan om sa by te stjoeren op saken dêr’t dat neffens it fjild nedich is. It DINGpetear moat de ymplemintaasje fan it Rapport Taalplan Frysk helpe en dêrmei, op termyn, it Fryske ûnderwiis.

Goed 50 dielnimmers – dêrûnder fertsjintwurdigers fan sa goed as alle ûnderwiislagen, stypjende organisaasjes en oerheden – wienen oanwêzich by it DINGpetear. Sy waarden nei in ynlieding fan DINGtiid-bestjoerder Freddy Weima ferdield oer trije diskusjegroepen (Helberens, Wetlike posysje en Underwiisstipe).

Diskusjegroep Helberens

Deputearre Sietske Poepjes fertelle út namme fan har groep hokker punten oan bar kaam binne.

Diskusjegroep Wetlike posysje

Diskusjelieder Lysbeth Jongbloed somt op wat har groepke opfalt oan it Taalplan Frysk en it ûnderwiis yn it algemien.

Diskusjegroep Underwiisstipe

Diskusjelieder Tjallien Kalsbeek fertelt wat har diskusjegroep oan ‘e oarder brocht hat.

Plenêr sluten: advystrajekt DINGtiid oer Underwiis

DINGtiid-bestjoerder Freddy Weima betanket elts foar harren ynbring en is der fan oertsjûge dat de fragen, krityk en opmerkings fan grutte wearde binne foar it team Rapport Taalplan Frysk.

Foar DINGtiid betsjut it DINGpetear Underwiis in oergong nei in nije faze yn ús advystrajekt oangeande it Frysk yn it ûnderwiis. Yn jannewaris 2017 is it ûnderwiisadvys “Meartaligens as kwaliteit en doel” ferskynd, yn 2018 is advisearre oer de BFTK, mei dêryn in protte omtinken foar it haadstik ûnderwiis. No, nei it DINGpetear Underwiis oer it Rapport Taalplan Frysk fan jannewaris 2019, sil DINGtiid him yn 2019 en 2020 bûgje oer de fraach hoe’t de kennisynfrastruktuer om it Frysk hinne – mei dêryn ek de skyl fan ûnderwiisstypjende organisaasjes fan it Frysk ûnderwiis – fersterke wurde kin.

" />

DINGpetear Underwiis praat oer helberheid Taalplan Frysk

04/02/2019

DINGtiid, it orgaan foar it Frysk, organisearre op 10 jannewaris 2019 yn Ljouwert in DINGpetear oer it ûnderwiis. De streekrjochte oanlieding wie de presintaasje fan it ‘Rapport Taalplan Frysk. Ynventarisaasje nei de stân fan saken oangeande it (fak) Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis’ yn septimber 2018.

Rapport Taalplan Frysk

Doel fan ús DINGpetear Underwiis wie om it fjild reagearje te litten op it Rapport Taalplan Frysk, en dy reaksjes yn in breed fermidden fan ûnderwiisprofesjonals te besprekken. De ynstek dêrfan wie om no, yn de earste faze, it útfierende team fan Rapport Taalplan Frysk ynput te jaan om sa by te stjoeren op saken dêr’t dat neffens it fjild nedich is. It DINGpetear moat de ymplemintaasje fan it Rapport Taalplan Frysk helpe en dêrmei, op termyn, it Fryske ûnderwiis.

Goed 50 dielnimmers – dêrûnder fertsjintwurdigers fan sa goed as alle ûnderwiislagen, stypjende organisaasjes en oerheden – wienen oanwêzich by it DINGpetear. Sy waarden nei in ynlieding fan DINGtiid-bestjoerder Freddy Weima ferdield oer trije diskusjegroepen (Helberens, Wetlike posysje en Underwiisstipe).

Diskusjegroep Helberens

Deputearre Sietske Poepjes fertelle út namme fan har groep hokker punten oan bar kaam binne.

  • Konstatearring dat it Taalplan Frysk echt holpen hat om it tema Frysk yn it ûnderwiis yn in meartalige kontekst heech op de aginda te krijen, ek by skoalbestjoeren. De oanwêzige skoalbestjoerders sjogge dat sy dêr in rol yn pakke kinne en binne ek ree om dêr mei kollegabestjoeren oer yn petear te gean.
  • In oar wichtich punt is dat der net perfoarst oer fjouwer jier krekt deselde metoade brûke wurde moat as no, as de aktualiteit fierder is. Fansels ek omdat, as it goed is, tsjin dy tiid it nije kurrikulum op gong kommen is.
  • Taalplan Frysk is in moaie ynventarisaasje fan de hjoeddeistige situaasje, mar net in dokumint dat in paad útstippelet hoe’t je by profyl A komme.
  • Provinsje Fryslân moat mei skoalbestjoeren prate oer wat profyl A wol én net is. It docht bliken dat dêr in soad betizing oer bestiet. Profyl A is de ambysje dy’t helle wurde kin. De provinsje pakt dat aksjepunt op.
  • Skoallen yn Fryslân ferskille behoarlik. Dêrom is it wichtich om op konkreet nivo mei skoalbestjoeren te praten. Sjoch nei wat der dien wurde kin en meitsje Frysk ek foaral FUN.

Diskusjegroep Wetlike posysje

Diskusjelieder Lysbeth Jongbloed somt op wat har groepke opfalt oan it Taalplan Frysk en it ûnderwiis yn it algemien.

  • Opfallend is dat de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis ôfhinklik is fan de minsken yn it skoalteam. Provinsje Fryslân wol lykwols stimulearje en net straffe. Hoe krije je spilers yn it ûnderwiis safier dat dy stimulearre wurde om it Frysk serieus op te pakken?
  • Neist de skoallen dy’t yn Taalplan Frysk neamd wurde, soe mear wurk makke wurde moatte fan de posysje fan it Frysk op skoallen yn it spesjaal ûnderwiis.
  • It soe goed wêze om tuskenstappen te formulearjen, hoe’t skoallen op profyl A komme. Yn tolve jier fan de flier op de souder is net helber, dêrom opdiele.
  • It soe ek goed wêze om skoallen te beleanjen at se groeie/tanimme yn profyl.
  • It soe goed wêze om fan learkrêften te easkjen dat se it Frysk behearskje.
  • Ynsette op de ekonomyske wearde fan it Frysk, om it fak en de taal hegere status te jaan.
  • GRIP ynfiere. As je de behearsking fan it Frysk toetse, kinne je ek de progressy ynsichtlik meitsje.

Diskusjegroep Underwiisstipe

Diskusjelieder Tjallien Kalsbeek fertelt wat har diskusjegroep oan ‘e oarder brocht hat.

  • Hoe komme we no fan Taalplan nei beliedsplan? Wichtich om dêrmei de dosinten konkrête hânfetten te jaan.
  • Skoalbestjoeren hawwe in grutte rol, as dy ûnderstreekje dat Frysk/meartaligens wichtich is, dan wurdt dat ek troch dosinten sa belibbe. As je begripe wêrom’t it wichtich is, dan wol elts wol -> mar nei al dy jierren is dit noch altyd in punt fan oandacht (it moat yn ferskillende groepen noch altyd ‘lande’).
  • Is ambysje allinne genôch om doelstelling (profyl A) te heljen? Wetlike ferplichting en kontrôle op neilibbing is ek hiel wichtich.
  • Der is rezjy nedich op gearwurking fan organisaasjes. Der wurdt al wol mei-inoar praat, mar dochs is dat noch net foldwaande.