“De lanlike bemuoienis mei it Frysk giet op it stuit inkelde advysdossiers oan dêr’t DINGtiid him oer bûget, op fersyk fan de demisjonêr minister fan BZK. Sy hat dy fersiken op 5 july 2023 oan ús dien, foaral nei oanlieding fan in rige moasjes dy’t yn novimber en desimber 2022 oangeande it Frysk yntsjinne binne troch de Twadde Keamer, en oannommen waarden troch de minister. Fierder binne Ryk en Provincie Fryslân op dit stuit tegearre dwaande om de konsepttekst fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028 fêst te stellen. Dy BFTK sil neffens ferwachting ein dit jier ûndertekene wurde, nei’t ek DINGtiid fan ’t neijier syn wetlike advystaak útfiere kinnen hat, dy’t ek it advisearjen oer de BFTK omfiemet.
It is neffens de stellige miening fan DINGtiid sa dat, benammen, dat BFTK-proses te wichtich is foar de Fryske taal om fertraging op te rinnen omreden fan de demisjonêre steat fan it notiidske kabinet. Wy werhelje dan ek ús driuwende fersyk om de beliedswurksumheden en beslútfoarming om de BFTK hinne en de rinnende advystrajekten oangeande it Frysk, as net-kontroversjeel te beskôgjen.”
Lês hjir de folsleine brief (Frysk en Nederlânsk)
Lês hjir de brief fan BZK (5 july 2023)
Yn in brief oan de Twadde Keamerfraksjes skriuwt DINGtiid dat der op dit stuit gjin kontroversjele dossiers binne oangeande it Frysk. It advysorgaan advisearret dêrom mei klam om de beliedswurksumheden en beslútfoarming om de BFTK hinne en de rinnende advystrajekten oangeande it Frysk, as net kontroversjeel te beskôgjen.