desimber foarich jier noch Keamerfragen. Foargonger Plasterk beäntwurde dy augustus dit jier. DINGtiid mist lykwols in oantal saken yn de beäntwurding fan dy keamerfragen.
Lês hjir it folsleine brief oan minister Ollongren (30 novimber 2017).
" />“Suksesfol taalbelied hat mear nedich as wetlike boarging en belied om it Frysk te stimulearjen. Dêr binne DINGtiid orgaan foar de Fryske taal en it ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes it sa goed as oer iens.” Sa iepenet DINGtiid-foarsitter Klaas Sietse Spoelstra syn brief oan Kajsa Ollongren, de nije minister fan BZK.
Doel fan it brief fan DINGtiid oan Ollongren is om har op de hichte te bringen fan it dossier Frysk en benammen oer it ûntbrekken fan stjoer dêrop. DINGtiid hopet takom jier mei minister Ollongren om tafel te kinnen om wiidweidich te praten oer it dossier Frysk en oer de ferantwurdlikheid dêrfoar by sawol ryksoerheid as provinsje.
Takom jier moatte ek de nije bestjoersôfspraken Fryske Taal & Kultuer (BFTK) fan 2019 ôf opsteld en ûndertekene wurde. Oer it funksjonearjen fan de hjoeddeistige BFTK 2013-2018 stelde de Twadde Keamer desimber foarich jier noch Keamerfragen. Foargonger Plasterk beäntwurde dy augustus dit jier. DINGtiid mist lykwols in oantal saken yn de beäntwurding fan dy keamerfragen.
Lês hjir it folsleine brief oan minister Ollongren (30 novimber 2017).