Lês hjir it jierferslach DINGtiid 2017

" />

Jierferslach 2017: bestjoerders komme yn beweging foar it Frysk

15/06/2018

Bestjoersorganen dogge hieltyd mear om de Fryske taal te befoarderjen. Dat konkludearret DINGtiid – orgaan foar de Fryske taal, nei har earste bestjoersperioade. Sa organisearje de provinsje en ûnderwiisynspeksje yn septimber in ûnderwiiskongres oer it Taalplan Frysk. DINGtiid frege dêr ek omtinken foar yn har ûnderwiisadvys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’ (2017).

Advysorgaan DINGtiid is oprjochte, nei’t yn 2014 de Wet gebrûk Fryske taal fan krêft waard. Dy wet regelet it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik en rjochtsferkear. Taak fan DINGtiid is om de likense posysje fan it Frysk en it Nederlânsk yn Fryslân te befoarderjen.

Taalskipper Frysk set koers út

DINGtiid hat yn har earste bestjoersperioade de taalwet ferkend én petearen fierd mei tal fan Fryske organisaasjes, ynstellings en bestjoersorganen om dúdlik te krijen wêr’t it wriuwt en wêr’t ferlet fan is. DINGtiid hat dêrnei mei advizen bestjoersorganen wiisd op har ferantwurdlikheid foar it Frysk. Tagelyk hat DINGtiid op ferskate trajekten meitocht sûnder dat direkt te keppeljen oan in formeel advys.

Yn it advys ‘Feroaring en ferbettering’ (septimber 2015) brocht DINGtiid it ûntbrekken fan rezjy op it dossier Frysk op it aljemint. DINGtiid stelde dêryn dat der sterkere stjoering op it gebrûk fan it Frysk plakfine moat yn line mei de taalwet. Ek ûntbrekt it oan in breed dielde langetermynambysje foar it Frysk en in dúdlike koers dêrhinne. In ‘Taalskipper’ soe dêrta it stjoer yn hannen nimme moatte. Yn novimber 2016 hawwe Ryk en provinsje ôfpraat dat de provinsje dy rol fan Taalskipper op har nimt en dy yn oerlis mei it Ryk stal jout. Dy rol krijt hieltyd mear foarm, bygelyks op it mêd fan ûnderwiis en gemeentlik taalbelied.

Yn de optyk fan DINGtiid soe Fryslân him mear profilearje moatte as ekspert fan minderheidstalen en meartaligens, fynt foarsitter Klaas Sietse Spoelstra fan DINGtiid. “Sjoch mar nei Lân fan Taal, dat lit al goed sjen hoe’t meartaligens in rykdom is en gjin earmoed. Lit ek de kommende generaasjes profitearje fan ús bysûndere taallânskip. Ik haw der betrouwen yn, want it skûtsje fan de Taalskipper fan it Frysk komt op koers.”

Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023

Ein 2018 sille Ryk en provinsje harren hantekening sette ûnder de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023 (BFTK). Dêryn prate de beide oerheden ôf hoe’t se har ferantwurdlikheid foar it Frysk oer ferdiele en ferfolje.DINGtiid advisearret Ryk en provinsje op dit stuit oer de ynhâld en de útfiering fan dy nije BFTK.

 

Lês hjir it jierferslach DINGtiid 2017