Lês hjir it brief yn PDF)

“Ljouwert, 25 oktober 2019

Achte deputearre Fokkens,

Nei oanlieding fan ús oerlis fan tiisdei 15 oktober ll. fetsje ik koart foar jo gear wat út optyk fan DINGtiid wei needsaaklike stappen binne om de sitewaasje om de Fryske Akademy hinne duorsum te ferbetterjen. A priori is DINGtiid fan miening dat de Fryske Akademy in hoekstien fan de Fryske taal en kultuer is en dat dêrom, yn ridlikheid, alle war dien wurde moat om de Fryske Akademy wer sûn en takomstbestindich te meitsjen. DINGtiid hat der oars – seker nei ús konstruktive petear – alle betrouwen yn dat jo dat oer alle boegen mei ús iens binne.

Wy wize der om te begjinnen op dat der sprake is fan de alderheechste urginsje om aksje te ûndernimmen oangeande dit dossier. Yn dat ljocht is der al de akute finansjele soarch: der moat – dat stimme wy sa wol it Gateway Reviewteam as de Taskforce folslein mei – mei gauwens in kaptaalynjeksje komme om de likwiditeit op de koarte termyn te garandearjen. Boppedat moat der finansjele romte komme om in reorganisaasje mooglik te meitsjen. Beide binne perfoarst nedich om de Fryske Akademy op koartere termyn oerein te hâlden. En fan beide kinne we ús foarstelle dat de Provinsje de partij is dy’t hjir syn ferantwurdlikheid yn nimt.

Foto: Fryske Akademy – Michel Montsma

Fierder is DINGtiid fan betinken dat de KNAW-liearring sa’t de Taskforce dy útstelt – nei’t ek de Gateway Health Check kritysk wie oer de notiidske relaasje ta de KNAW – treflik wurkje sil foar beide partijen. De hifking en dêrmei de boarging fan goed wittenskiplik ûndersyk sil oereinbliuwe, lykas de tagong ta lanlike en ynternasjonale subsydzjenetwurken. Tagelyk sil sa’n nije liearringsoerienkomst foar de KNAW de oanstjoerende rol – dy’t se de iure wol, mar de facto nea hienen of ha woenen – fuortnimme en sil dat net mear in punt fan diskusje foarmje. Sa’n nije relaasje ta de KNAW sil de governance om de Fryske Akademy hinne te’n goede komme.

Boppedat is der it ferlet fan in yntegrale fyzje op it Fryske kennisnetwurk. Lykas de oare Fryske kennisynstellings moat ek de Fryske Akademy foar harsels fêststelle hokker posysje en ambysje oft se dêryn ha wol; hjirby docht DINGtiid oars graach noch de suggestje dat yn it gefal fan de Fryske Akademy in soarte fan advys- of klankboerdgroep oer it wittenskipsbelied fertuten dwaan kinne soe. By de ûntwikkeling fan sa’n yntegrale fyzje op it kennisnetwurk moat goed each wêze foar synergy en oerienstimming mei de partnerorganisaasjes yn dat netwurk, sawol ynhâldlik as finansjeel-praktysk. Fan de provinsje mei ferwachte wurde dat se it kennisnetwurk stimulearret om oan sa’n fyzje te wurkjen, en dat se sels in breeddroegen maatskiplike aginda hat dêr’t sa’n dielde kennisaginda op oanheakje kin. DINGtiid soe dat proses eventueel mei in DINGpetear stypje kinne.

Yn it lêste plak is it fan belang dat it profyl fan de nije direkteur/bestjoerder fan de Fryske Akademy de goede kompetinsjes befettet. Dy persoan moat net allinne in akute re-organisaasje liede kinne mar dêrmei en dêrnei ek de Fryske Akademy fannijs staljaan kinne. Hy of sy moat dêrmei in goed bestjoerder mar ek in fisjonêr wêze, mei genôch wittenskiplike en bestjoerlike ûnderfining om de Fryske Akademy sawol yn de Fryske mienskip as yn de ynternasjonale wittenskipswrâld te posisjonearjen en dy posysje dêrnei te konsolidearjen.

Wy binne op elts stuit ree om fannijs fan gedachten mei jo te wikseljen oer it boppesteande, en winskje jo alle wiisheid ta yn jo krewearjen om ús moaie Fryske Akademy oerein te hâlden en te fersterkjen.

Mei freonlike groetnis
Jan Koster, foarsitter DINGtiid”

" />

Advysbrief oer sitewaasje Fryske Akademy

07/11/2019

Deputearre Steaten hat tiisdei 5 novimber praat oer de nuodlike sitewaasje by de Fryske Akademy. Tongersdei 7 novimber makket deputearre Avine Fokkens bekend hokker maatregels de provinsje nimme sil oangeande de Fryske Akademy. DINGtiid gie yn oktober mei Fokkens yn petear en skreau har ûndersteande advysbrief:

(Lês hjir it brief yn PDF)