Lês hjir it folsleine advysbrief

 

 

" />

Advysbrief oan RUG: “Soargen oer learstoel Frysk yn Grins”

03/11/2022

DINGtiid hat op 1 novimber 2022 yn in advysbrief oan it Fakulteitsbestjoer en it CvB fan de Ryksuniversiteit Grins opnij syn soargen utere oer de takomst fan de universitêre frisistyk.

“Mei dit brief freget it bestjoer fan DINGtiid jo omtinken foar de soarch en de ûnrêst dy’t yn de Fryske mienskip libje oangeande de takomst fan de universitêre frisistyk en yn it bysûnder oangeande de ûntjouwings fan de learstoel Frysk yn Grins.”

DINGtiid is al sûnt 2019 tiid dwaande mei it ferbetterjen fan de strukturele ynbêding en de feitlike posysje fan de frisistyk. Fanút de posysje en ferantwurdlikheid as wetlik advysorgaan foar it Frysk hat DINGtiid faker as ien kear syn soargen oan de RUG kenber makke en besocht om de dialooch oan te gean. “It muoit ús tige, dat de Fakulteit fan de Letteren en it CvB fan de RUG oant no ta de dialooch út ’e wei gongen binne.”

DINGtiid advisearret de RUG om de folgjende trije saken te konkretisearjen:

  1. Dúdlikheid oangeande it earmerke budzjet foar de stúdzje Frysk yn Grins
  2. It ûntwikkeljen fan mienskiplike útgongspunten en swiertepunten foar de ûndersyksaginda
  3. De boarging fan de universitêre frisistyk

Lês hjir it folsleine advysbrief