(Foto: Shutterstock)
Troch dy taal te brûken, makket de stjoerder de taal sichtber en relevant, en fergruttet it dêrmei it gefoel fan kulturele eigenwearde fan syn publyk. Dêrnjonken drage omroppen dy’t útstjoere yn ‘e minderheidstaal by oan taalbehâld, standerdisaasje, it ûntwikkeljen fan wurdskat en de adaptaasje nei de digitale tiid, sûnder dat it harren primêre doel is.
Dat is wier foar in lytse, kwetsbere taalmienskip mar perfoarst ek foar in gruttere, sûne taal – en by it Frysk giet it perfoarst om dy lêste kategory. Want oars as wat yn guon resinte berjochten oer de lisinsje-oanfraach oan gebrûks- en behearskingssifers sirkulearre, is it Frysk tige sûn. It grutste part fan de Fryske befolking begrypt it Frysk maklik of sels goed, en brûkt it op deistige basis. En it Frysk is de memmetaal fan it grutste part fan de ynwenners fan Fryslân; it is binnen Fryslân in mearderheidstaal.
Oars as yn de niisneamde Wet gebrûk Fryske taal, hat it Frysk gjin spesifike posysje takend krigen yn de Mediawet, dêr’t jo benammen mei te krijen ha. Mar dochs kinne wy ús yntinke dat jo yn it ramt fan de takenning witte wolle hoe’t dy Fryske gebrûks- en behearskingssifers dan krekt binne. Dêrfoar advisearje wy jo om te seil te gean op de periodike grutskalige taalsurvey’s fan de Fryske Akademy, it wichtichste wittenskiplike ynstitút foar de Fryske taal, liearre oan de KNAW.
Ek al realisearje wy ús, lykas sein, dat it Frysk yn de Mediawet gjin spesifyk plak hat, dochs wolle wy der by jo op oantrune om yn jo oerwagings, no en tenei, mei te nimmen dat takennen fan de lisinsje foar de provinsje Fryslân in grutte ynfloed hat op de posysje fan de Rykstaal Frysk. Ommers, in regionale stjoerder is o sa wichtich foar de sichtberens en it gebrûk fan in regionale taal – net om ’e nocht befettet it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden, dat Nederlân yn 1996 foar it Frysk ratifisearre hat, meardere bepalings oer radio en telefyzje (foar jo oerwagings binne de bepalings 11.1.a.iii, 11.1.b.ii en 11.1.c.ii faaks it meast relevant). En net om ’e nocht befetsje de fiifjierlikse Bestjoersôfspraken Fryske Taal en Kultuer (BFTK), dat fan dat Hânfêst it wichtichste úfieringsynstrumint foar Ryk en Provinsje is, in fêst haadstik oer media (Haadstik 4), mei dêryn in stevich plak foar de regionale stjoerder. Sa boargje Provinsje en Ryk tegearre dat de regionale stjoerder it Frysk sa goed mooglik stipet – in grutte morele en kulturele ferantwurdlikheid.
Advysbrief oan Commissariaat voor de media – Lisinsje-takenning regionale stjoerder Fryslân (02-09-2025)
" />Fia de parse hat advysorgaan DINGtiid kennis nommen fan it foarnimmen fan de organisaasje ORT FRL om it Kommissariaat foar de Media te fersykjen om foar de perioade fan 2026 ôf de lisinsje as regionale omrop foar de provinsje Fryslân op har oer te dragen. Yn in advysbrief oan it Kommissariaat foar de Media advisearret DINGtiid oer de rol fan it Frysk foar de lisinsje-takenning foar de regionale stjoerder fan Fryslân.
In wichtich argumint dat ORT FRL brûkt, is dat Omrop Fryslân, oan wa’t oant no ta de lisinsje altiten ferstrekt waard, mei it brûken fan it Frysk in tige grut part fan de Fryske befolking net berikke soe.
Om it mar dúdlik te stellen: DINGtiid is neutraal oangeande de fraach hokker partij oft dy lisinsje takend krijt. Fierder realisearje wy ús dat fersteanberens en doelmjittigens fan de brûkte taal faktoaren wêze kinne foar it takennen fan de lisinsje. Mar eltse regionale stjoerder hat ek in wichtige kulturele ferantwurdlikheid. En foar in Fryske stjoerder yn it bysûnder jildt dat in grut part fan dy kulturele ferantwurdlikheid leit op it mêd fan de taal.