Lês hjir de ‘Tuskenrapportaazje BFTK 2019-2023 fan DINGtiid oan Ryk en provinsje Fryslân

Lês hjir de ‘Tuskenrapportaazje Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019 -2023 & Evaluaasje Taalskipper van Gedeputeerde Staten aan Provinciale Staten

Lês hjir de ‘Stand van Zaken Fries’ van minister BZK aan Tweede Kamerleden

" />

Advys tuskenrapportaazje BFTK 2019-2023

21/06/2022

Healweis de rintiid fan de BFTK 2019-2023, yn 2021, ha Ryk en provinsje in tuskenrapportaazje opsteld fan de útfiering fan de BFTK. Ryk en provinsje Fryslân ha DINGtiid frege om ynput foar dy tuskenrapportaazje en foar de evaluaasje fan de Taalskipper; sa’n advysrol is konfoarm de wetlike taak fan DINGtiid, sa’t dy fêstlein is yn artikel 19 lid 2b fan de Wet gebrûk Fryske taal (2014). Op 30 juny 2021 hat DINGtiid skriftlik advys útbrocht.

Oarspronklik wie it doel om op in DINGpetear in grut tal ‘brûkers’ fan de BFTK (bestjoerders, profesjonals, amtners) byinoar te bringen en dêr, plenêr en yn dielsessy’s, te praten oer de ûnderskate domeinen dy’t de BFTK kent. Omreden fan koroana moast dêrfan ôfsjoen wurde, en waard wurke mei in rige fan santjin ‘miny-DINGpetearen’: per domein, of soms per paragraaf, in rûnetafelpetear (meast online) mei in relatyf beheind tal ûnderfiningssaakkundigen op dat spesifike mêd.

Rûnetafelpetearen

DINGtiid woe mei sokke rûnetafelpetearen ynventarisearje hokker lakunes oft de rinnende BFTK kent en hokker ambysjes oft de kommende BFTK neistribje kinne soe. Dat is dien tsjin de eftergrûn fan de doelstelling dy’t de rinnende BFTK yn kêst 7 beskriuwt: “[De doelstelling by de befoardering fan it Frysk is] hieltyd wer de goede rânebetingsten te skeppen en it kreëarjen fan de ideale omstannichheden, wêrtroch’t it gebrûk fan de Fryske taal yn it ûnderwiis, de rjochtspraak, de media, kultuer ensfh. net langer allinne mar in rjocht, mar natuerlik en fansels wêze sil.”

Fanút harren ûnderfinings mei de notiidske BFTK koenen de petearpartners oanjaan wêr’t de rinnende bestjoersôfspraak harren ferlet net rjocht dekt. De ferfolchstap wie dan om te besjen hokker ambysjes oft de kommende BFTK (2024-2028) neffens harren neistribje moatte soe.

Evaluaasje Taalskipper

De provinsje Fryslân hat yn 2021 in ûndersyk útfiere litten troch ûndersykburo DeFacto foar de tuskenevaluaasje fan de Taalskipper. DINGtiid waard útnûge foar in petear om ynput te jaan foar dy evaluaasje. Dat hat yn de simmer fan 2021 plakfûn.

Lês hjir de ‘Tuskenrapportaazje BFTK 2019-2023 fan DINGtiid oan Ryk en provinsje Fryslân

Lês hjir de ‘Tuskenrapportaazje Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019 -2023 & Evaluaasje Taalskipper van Gedeputeerde Staten aan Provinciale Staten

Lês hjir de ‘Stand van Zaken Fries’ van minister BZK aan Tweede Kamerleden