Kneppelfreed, 16 novimber 1951 In kloft demonstranten op de treppen fan it Gerjochtsgebou op it Saailân yn Ljouwert
(foto: Johannes Doedes de Jong, byldbank Tresoar).

Wêrom in advys op Kneppelfreed?
Op Kneppelfreed wurdt yn Fryslân jierliks betocht dat op freed 16 novimber 1951 in grutte kloft Fryskpraters mei de plysje yn gefjocht rekke oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank. Dy ‘Slach op it Saailân’, sa’t der ek wol oan referearre wurdt, hat alle lettere emansipaasje fan de Fryske taal yn gong set. In wichtich ûnderdiel fan dy emansipaasje is ek it fersyk fan Ynlânske Saken oan DINGtiid om ûndersyk te dwaan nei de ynstelling fan in lanlik gremium foar it Frysk. De stap rjochting in lanlik gremium foar de Fryske taal sa’t dy yn de advysfraach besletten lei en yn de notysje útwurke wurdt, mei gerêst histoarysk neamd wurde.

Fierder lêze
Folsleine advys ‘Ta in Lanlike Kennistafel Frysk  (novimber 2024)
Begeliedende brief oan BZK (12-11-2024)
Begeliedende brief oan Provinsje Fryslân (12-11-2024)

" />

Advys ‘Ta in Lanlike Kennistafel Frysk’ op Kneppelfreed

16/11/2024

Is in lanlike kommisje of oerlistafel oangeande de Fryske taal yn De Haach winsklik, en hoe soe soks dan staljûn wurde kinne? Dy advysfraach hat de minister fan Ynlânske Saken yn july 2023 oan DINGtiid steld. Op de 73ste betinking fan Kneppelfreed bringe wy it advys ‘Ta in Lanlike Kennistafel Frysk’ út.

Om mei de earste fraach te begjinnen: ja, sa’n oerlistafel is perfoarst winsklik. Mei de ûndertekening fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden (1996) en it ynstellen fan de Wet gebrûk Fryske taal (2014) ûnderkende Nederlân dat it Frysk in nasjonale taal is yn Fryslân, en dat dy taal beskerming en befoardering nedich hat. Us oerheden ha dêrmei de soarchplicht op har naam foar de fitaliteit fan it Frysk as Rykstaal. Yn it ferline waard oangeande dy soarchplicht foar de fitaliteit benammen delegearre nei de Provinsje, mar yntusken is lanlik de politike winsk ûntstien om dêr as Ryk sels ek better en duorsumer ynfolling oan te jaan.

Boppedat is it Ryk de oerheid dy’t, yn gearwurking mei de Provinsje, oan de Ried fan Europa ferantwurding ôfleit oer de ymplemintaasje fan de Hânfêstbepalings. Om al dy redenen moat yn De Haach de ferantwurdlikheid foar de Rykstaal Frysk in struktureel beliedsûnderwerp wêze, mei as fûnemint de fraach: hoe follet it Ryk syn soarchplicht foar de fitaliteit fan it Frysk op it stuit yn, en wêr soe dat noch better kinne?

Gearstalling ‘Lanlike Kennistafel Frysk’
Krúsjaal is dat sa’n oerlispunt ekstra saakkundigens ynbringt, dêr’t de minister op te seil gean kin by it tarieden fan Ryksbelied oangeande it Frysk – in ‘kennistafel’. Boppedat moat der in dúdlik ramt wêze en moatte binnen dat ramt besteande struktueren ynset wurde yn stee fan nijen optúgd. It dúdlike ramt en in besteande struktuer foar de kennistafel biedt de rapportaazjesyklus fan it Europeesk Hânfêst. Troch de ynset fan de kennistafel te keppeljen oan de oanrikkemandaasjes fan de Committee of Experts en oan de BFTK, dêr’t dy oanrikkemandaasjes úteinliken yn ymplemintearre wurde, krijt it Ryk in stik ark ta syn foldwaan om de trochwurking fan beskate Hânfêstbepalings fierder te optimalisearjen. Sa kin de minister better en flugger prioritearje en wurdt it opfolgjen fan de oanbefellings makliker. It sil boppedat ta positivere Europeeske evaluaasjes liede. En benammen: it fersterket de kânsen foar it Frysk.