Lês hjir de folsleine advysnotysje
Lês hjir de reaksje fan provinsje Fryslân op ús advysnotysje (16-06-2021)
" />Advysorgaan DINGtiid riedt provinsje Fryslân oan om it foech fan de skoalynspeksje op it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis by it Ryk te hâlden en net oer te dragen nei de provinsje. Dat advys jout DINGtiid nei oanlieding fan in advysfraach fan provinsje Fryslân (oktober 2020). De provinsje frege DINGtiid ûndersyk te dwaan nei de optimale omstannichheden foar tafersjoch op it Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis.
Provinsje Fryslân frege dêrby yn it bysûnder omtinken foar de posisjonearring fan it tafersjochsfoech. Soks nei oanlieding fan it Bestjoersakkoart ‘Lok op 1’ (2019-2023) dêr’t de provinsje de ambysje yn útsprutsen hat om it tafersjoch op it Frysk yn it ûnderwiis nei de provinsje ta te heljen en fan it Ryk oer te nimmen (resultaat 55 út it Bestjoersakkoart Lok op 1). It tafersjoch op it ûnderwiis (en ek op it Frysk yn it ûnderwiis) wurdt útfierd troch de Onderwijsinspectie.
Oer it foldwaan fan de ûnderwiisynspeksje fierde DINGtiid petearen mei Provinsje Fryslân, Underwiisynspeksje, Cedin, CSG Liudger, Lektoraat Meartaligens en skriftlike taalbehearsking NHL Stenden Hogeschool, ROOBOL en it Ministearje fan UKW.
Op basis fan dy petearen konkludearret DINGtiid dat de trend yn it tafersjoch op it Frysk yn it ûnderwiis posityf is . Elk hat it belang fan it Frysk foarop en wol it Frysk yn it ûnderwiis fierder bringe. DINGtiid stelt dat de besteande formele rolferdieling goed is. It tafersjoch is de ôfrûne jierren ferbettere; om it tafersjoch optimaal te krijen binne lykwols fierdere ferbetterings nedich en ek mooglik, sawol oan de kant fan it tafersjoch as oan de beliedskant.
DINGtiid docht in oantal oanbefellings dy’t ridlik ienfâldich út te fieren binne en op koarte termyn foar ferskil soargje kinne. De reade tried yn de oanbefellings is dat de provinsje yn de rol fan Taalskipper oanslút by de ynhâld, op it plak dêr’t de ynhâld bepaald en útfierd wurdt. De Taalskipper mei sichtber en pro-aktyf wêze en sjen litte dat se it wichtich fynt om op dit mêd in ferantwurdlikheid te nimmen.
Lês hjir de folsleine advysnotysje
Lês hjir de reaksje fan provinsje Fryslân op ús advysnotysje (16-06-2021)