Brief DINGtiid oan Rjochtbank Noard-Nederlân 

Brief DINGtiid oan Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert

" />

Advys: “Fryske taal draacht by oan kwaliteit fan de rjochtspraak”

05/02/2020

Der is in soad te dwaan om talige aspekten binnen de rjochtspraak, sa hat de lêste tiid wol bliken dien doe’t tolken harren wurk delleinen en in petysje ûndertekenen om de wearde fan harren wurk te beklamjen. De situaasje fan it Frysk binnen de rjochtspraak is noedlik. Dêr moat mear omtinken foar komme binnen de rjochtspraak. DINGtiid orgaan foar it Frysk rjochte koartlyn ûndersteande brief oan de Rjochtbank Noard-Nederlân en it Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert. DINGtiid makket dizze brief iepenbier no’t dy ek nei Provinsjale Steaten stjoerd wurdt.

Ljouwert, 12 desimber 2019

Oangeande: Frysk yn de rjochtspraak

Achte bestjoer,

Mei dizze brief freget DINGtiid – it Ryksadvysorgaan foar de Fryske taal, ynsteld by de Wet gebrûk Fryske taal (2014) – jo oandacht foar de posysje fan it Frysk binnen de rjochtspraak, en yn it bysûnder yn relaasje ta it gebrûk fan it Frysk yn de rjochtsseal.

Op 1 jannewaris 2014 is de Wet gebrûk Fryske taal (Taalwet) fan krêft wurden. It doel fan de Taalwet is de posysje fan it Frysk yn it bestjoerlik en rjochtsferkear te ferankerjen en de gelikense rjochten fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te boargjen. Haadstik 3 (kêsten 10 oant en mei 17) fan de Taalwet regelet it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear.

Kêst 2a fan de Taalwet bepaalt dat it Ryk en de provinsje Fryslân periodyk bestjoersôfspraken meitsje ta útwurking fan harren mienskiplike ferantwurdlikens en soarchplicht oangeande de Fryske taal en kultuer. Op 30 novimber 2018 is in nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK) ûndertekene, dy’t jildt foar de perioade 2019-2023. Oangeande it brûken fan de Fryske taal by gerjochtlike autoriteiten binne yn dizze BFTK gjin konkrete doelen ôfpraat, mar is allinne in prosesbepaling (kêst 3.1.1) opnaam. De provinsje, de rjochtbank Noard-Nederlân en it gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert gean yn oerlis om ta ôfspraken te kommen dy’t ôfsûnderlik fêstlein wurde.

Sûnt de ûndertekening fan de BFTK 2019-2023 binne der noch gjin aparte ôfspraken fêstlein dy’t neier ynfolling jouwe oan de Taalwet en kêst 3.1.1 fan de BFTK. Oangeande it brûken fan de Fryske taal by bestjoerlike autoriteiten binne oars wol bepalings yn de BFTK opnaam dy’t oan it brûken fan de Fryske taal yn it rjochtsferkear reitsje. Lykas kêst 3.2.5, oer it gebrûk fan de Fryske taal troch meiwurkers fan de meldkeamer, en kêst 3.2.6, dy’t bepaalt dat yn it Frysk oanjefte dien wurde kin en dat kontakt mei de plysje yn it Frysk mooglik wêze moatte soe.

Alhoewol’t dat foar it Frysk yn it rjochtsferkear geunstige ûntjouwings binne, binne der – benammen oangeande it brûken fan it Frysk yn de rjochtsseal – wol ferbetterings mooglik. It heger berop yn de saak Jenny Douwes, dat op 26 septimber 2019 tsjinne, is dêr in goed foarbyld fan. De net-Frysktalige rjochter koe Douwes har Frysk net goed genôch ferstean, ek om’t de tolk net betûft genôch wie – de iennige kwalifisearre tolk Frysk wie yn it bûtenlân. De rjochter stelde doe foar dat hja har relaas yn it Nederlânsk fuortsette soe. Dat wegere Douwes; emosjonearre ferliet hja dêrnei de rjochtsseal.

Dizze saak yllustrearret hoe faai oft de posysje fan it brûken fan de Fryske taal yn de rjochtsseal stiet. Kêst 11 fan de Taalwet bepaalt dat in ynsitter fan de provinsje Fryslân by de rjochtbank Noard-Nederlân en it gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert it foech hat om yn de rjochtsseal Frysk te praten. Dat rjocht ferwurdet op in wêzentlike wize it doel fan de Taalwet dêr’t it giet om de gerjochtlike autoriteiten. Mar dat rjocht is fierhinne yllusoir as de rjochter net-Frysktalich is, lykas yn de saak Jenny Douwes. DINGtiid is fan miening, dat it foar Fryskpraters dy’t yn kontakt komme mei de rjochtspraak fan grut belang is dat se ûnbehindere harren taal sprekke kinne yn de rjochtsseal – en dêrta ek pro-aktyf útnûge wurde. Dat rjocht strekt him boppedat fierder út as allinne it strafrjocht: it jildt foar alle rjochtsmêden.

It gebrûk fan de Fryske taal, yn it bysûnder yn de rjochtsseal, sil bydrage oan de kwaliteit fan de rjochtspraak. Taal en kommunikaasje binne bûtenwenstige wichtich foar it fêststellen en wurdearjen fan de feiten en omstannichheden. Dat befoarderet in rjochtfeardige rjochtstapassing, en draacht sa by oan de kwaliteit fan de rjochtspraak. Dat de rjochter de oanbelangjende taal op goed nivo behearsket is dêr lykwols in krúsjale betingst foar.

De saak Jenny Douwes lit boppedat wat oars sjen: it notiidske Fryske tolkenetwurk is kwetsber en moat ferstevige wurde. Dat der in fersterking op dat mêd plakfine moat, waard earder al beklamme troch de provinsje Fryslân,en DINGtiid hat dat okkerjiers ek skriftlik ûnder it omtinken fan de minister fan Justysje & Feilichheid brocht.

Ta ôfsluting dielt DINGtiid, ta ynspiraasje, graach in ûnderfining út de rjochtspraktyk fan in oar meartalich gebiet mei jo. Twa jier lyn brocht DINGtiid mei it Steatekomitee Frysk in besite oan de Rjochtbank fan Earste Oanlis yn Eupen, yn Dútsktalich België. Wat dêr bot ta de ferbylding spruts wie de organisaasjebrede iepen hâlding foar it brûken fan it Dútske taal oer. Dêr is yn begjinsel de taal fan de easker of fertochte liedend; sawol rjochters, offisiers fan justysje as advokaten brûke dy taal dêrnei. Graach werhelje we hjir ien opmerking fan de rjochtbankpresidint: it brûken fan de eigen taal is yn syn optyk in grûnrjocht, en soarget der boppedat foar dat de rjochtspraak tagonkliker wurdt en liedt ta in bettere rjochtstapassing op alle gebieten. Dat jildt nei ús betinken ek foar it Frysk.

DINGtiid ropt hjirby de rjochtbank Noard-Nederlân en it gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert op om de posysje fan de Fryske taal yn de rjochtsseal fuort te sterkjen. In goede earste stap soe wêze om wichtige obstakels datoangeande – lykas in temin oan Fryske taalfeardigens by it rjochtbankpersoniel en de ôfwêzigens fan belied oangeande it brûken fan it Frysk – yn de heine takomst út ’e wei te romjen.

DINGtiid is út soarte altiten ree ta in petear om de ynhâld fan dizze brief neier ta te ljochtsjen.

Mei freonlike groetnis,

Jan Koster
Foarsitter DINGtiid

Dizze brief wurdt ek rjochte oan:
– It bestjoer fan de Rjochtbank Noard-Nederlân

In kopy fan dizze brief giet nei:
– Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân
– Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, drs. R.W. Knops
– Minister fan Justysje en Feilichheid, prof. mr. F.B.J. Grapperhaus
– Haadoffisier fan justysje, mr. D.F. Greive
– Bestjoer fan Ressortsparket Arnhem-Leeuwarden

 

Brief DINGtiid oan Rjochtbank Noard-Nederlân 

Brief DINGtiid oan Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert