Adviesbrief oan Provinsje Fryslân – Advysbrief Fryske literatuer diel 1- Frysk (1 septimber 2026)
  • Adviesbrief oan Nederlands Letterenfonds – Advysbrief Fryske literatuer diel 1- Frysk en Nederlands (1 septimber 2026)
  • (Foto: Shutterstock)

    " />

    Advysbrief oan Provinsje en Nederlands Letterenfonds oer subsydzjeregelingen Fryske literatuer

    15/09/2026

    In libbene literatuer is essinsjeel foar de fitaliteit fan de Fryske taal en kultuer. Dat stelle it Ryk en de Provinsje Fryslân yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Sy stribje dêrom nei in ryk literêr oanbod yn de Fryske taal. “De kommende jierren stimulearje Ryk en Provinsje fia ferskate regelingen, it Nederlands Letterenfonds, ynstellings en projekten de ûntwikkeling fan nije literatuer, likegoed yn boekfoarm as yn digitale en sprutsen foarmen, en it breed beskikber meitsjen fan dy nije produksjes yn de mienskip.”

    De Provinsje Fryslân wol it belied op it mêd fan de Frysktalige literatuer graach trochûntwikkelje en sa nedich de subsydzjeregelingen oanpasse om goed by it fjild oan te sluten. De Provinsje hat dêrom yn de mande mei it Letterefûns op 1 july 2025 in advysfersyk dellein by DINGtiid, it wetlik advysorgaan foar de Fryske taal. Dêryn wurdt frege om, op basis fan petearen mei it fjild, te advisearjen oangeande trije kwestjes:

    1. Slute de besteande literêre subsydzjeregelingen fan de Provinsje Fryslân en it Letterefûns oan op it ferlet en de ûntwikkelings yn it literêre fjild?
    2. Slute de regelingen fan beide partijen genôch op inoar oan?
    3. Wat binne de opfettingen oer de hjoeddeistige en winsklike rol fan Provinsje Fryslân en it Letterefûns yn it literêre fjild?

    Yn ûndersteande gearfetting gean wy yn fûgelflecht troch ús oanpak fan it advys, ús wichtichste befiningen en oplossingsrjochtingen hinne. (Yn de bylage -sjoch ûnderoan- is de folsleine advysbrief oan Provinsje en it Nederlands Letterenfonds te lêzen).

    Gearfetting

    Dit advystrajekt wurdt yn twa parten opdield. Yn dizze brief geane wy yn op de earste twa advysfragen. Op basis fan buro- en fjildûndersyk sjogge wy dat de Provinsje en it Letterefûns in soad yn it wurk stelle om mei in ferskaat oan literêre subsydzjeregelingen in ryk en kwalitatyf heechweardich literêr oanbod yn de Fryske taal nei te stribjen. Dêrneist wurdt mei boekjiersubsydzjes oan Fryske organisaasjes, projektsubsydzjes en ynsidintele subsydzjes in flinke ympuls jûn om it literêr oanbod te fergrutsjen en de kwaliteit dêrfan te ferheegjen. Yn it fjild wurdt it ferlet field om de subsydzjeregelingen te ferbreedzjen en út te wreidzjen, en dêrby ek de kwaliteit fan it literêr oanbod te ferheegjen.

    Gearfetsjend kin as antwurd op de earste fraach steld wurde dat de literêre subsydzjeregelingen foar in grut part oanslute op it ferlet fan en de ûntwikkelingen yn it fjild; der binne lykwols hiaten yn de regelingen dêr’t mei oanpassingen en oanfollingen wol yn foarsjoen wurde kin. Der is ferlet fan:

    • bettere sichtberens en fynberheid fan de subsydzjeregelingen;
    • mear ienheid en bondeling yn de subsydzjeregelingen, by sawol makkers en útjouwers as oare spilers yn it literêre fjild;
    • romte foar ûntwikkeling;
    • romte foar profesjonalisearring fan begjinnende makkers en makkers mei mear ûnderfining;
    • it ferheegjen fan de kwaliteit fan it Frysktalige literêre oanbod;
    • en fierder wurdt it oanfreegjen en beoardieljen fan (gruttere) subsydzje-oanfragen as tige burokratysk en kompleks ûnderfûn;

    As antwurd op de twadde fraach is ús befining dat de regelingen yn it algemien goed op inoar oanslute, mar dat der wol ferskillen binne yn wurkwize en yn opfetting oer wat Frysktalige literatuer bewurkmasterje moatte soe.

    Yn dit advys jouwe wy dêrom in oantal konkrete oplossingsrjochtingen oangeande it ferbreedzjen en útwreidzjen fan subsydzjeregelingen. De oplossingsrjochtingen kinne mooglik ek bydrage oan it kreëarjen fan mear draachflak foar it belied en it ferheegjen fan it gebrûk fan de regelingen. Wy riede de Provinsje en it Letterefûns dêrby ek oan om yn gearspraak en gearwurking mei-inoar te besjen hoe’t de besteande regelingen foar Frysktalige literêre subsydzjes oars ynrjochte wurde moatte soene wat it ûnderwerp kwaliteitshifking en betingsten oanbelanget. Der soenen brêgen slein wurde kinne troch:

    •  it opnimmen fan earmerke budzjet of in garandearre plak (ûnder stelde kwaliteitsbetingsten) yn alle regelingen fan it Letterefûns foar Frysktalige produksjes; en/of:
    •  it útwreidzjen fan provinsjale regelingen mei regelingen dy’t no allinnich by it Letterefûns belein binne en dêr in foarm fan kwaliteitshifking yn te belizzen; en/of:
    • in tuskenregeling mei ek mear systematysk oerlis en útwikseling tusken de Provinsje en it Letterefûns, dêr’t benammen ynset wurdt op it ûntwikkeljen en profesjonalisearjen fan it literêre fjild.

    Ferfolch

    Nei de simmer set DINGtiid mei it ferdjipjende ûndersyk útein en dat foltôgje wy yn de twadde perioade fan it Wurkprogramma 2026/2027. Fansels bliuwe wy dêrby yn nau kontakt mei sawol it Fryske literêre fjild as mei oanbelangjende amtners, en sille wy tuskentroch oer ús fuortgong rapportearje. Mochten jo foar dy tiid fragen hawwe oangeande dizze brief of ús oankommende trajekt, dan binne wy fansels altyd ree om dy te beäntwurdzjen.

    Dokumintaasje

    (Foto: Shutterstock)