Wurkprogramma 2026-2027 en oanbiedingsbrief oan BZK (26-09-2025)

" />

Wurkprogramma 2026-2027

18/11/2025

Om de twa jier presintearret advysorgaan DINGtiid in Wurkprogramma oan it ministearje fan BZK en Provinsje Fryslân, lykas fêststeld yn de Wet gebrûk Fryske taal (2014). Yn ús nijste Wurkprogramma is opnommen wat wy foar de perioade 2026-2027 op ‘e rol stean hawwe. 

De folgjende advystrajekten binne dêryn opnommen:

  • Langetermynambysje foar it Frysk
  • Lanlike Kennistafel Frysk
  • Frysk yn it rjocht
  • Tuskenrapportaazje BFTK 2024-2028
  • Fryske literatuer
  • De posysje fan it Frysk yn it demokratysk proses
  • Netwurk Taaladvyskolleezjes
  • Konsultaasjeronde Committee of Experts

Healweis 2026 jouwe wy in update fan dizze twajierrige perioade. Benijd nei wat boppesteande advystrajekten krekt ynhâlde? Lês dan ûndersteand Wurkprogramma.

Wurkprogramma 2026-2027 en oanbiedingsbrief oan BZK (26-09-2025)